SDS League: Erik pakt kopposysje!

Weppers woansdei 22-4
20 april 2010
Weppers tongersdei 22-4
21 april 2010

Dizze wike wienen der in bult punten te heljen yn de SDS League troch it dûbele programma. Sommige teams binne hjir aardich yn slagge.
Mei noch yn wykein te gean wurdt it no echt spannend.

It is dizze wike hiel farrassend “Master(be)Erik”(Haitsma) dy ’t de kopposysje pakt. Hy giet mei mar leafst 104 punten fan 9 yn ien kear nei 1. “Alles op Paolo Henrique” fan Paul Reitsma stiet no 2e mei 3 puntsjes minder. Sjoerd Rispens sakket fan it dielde 1e plak yn ien kear nei it 6e plak mei “Carolien ik heb ze gezien”.
huldiging kees ik jacob klaas en  leider piet.jpg
“Erik, fan herte mei de kopposysje”

“De Toekomst” fan Freek en Jacob pakt mei 112(!!) punten de wykpriis. Sy hawwe 4 puntsjes mear as “Jorine’s 11” fan Jorine van Dijk. It is al de twadde wykpriis foar Freek en Jacob.
ik en jacob terschelling 2008
Freek en Jacob nimme der ien op!

Fansels stiet Doede Rients Okkema noch altiten stiif lêst mei “FC Supermario”. Hy makket it dizze wike allinnich wol hiel bûnt. Hy pakt -4 punten…….. En hy hie al net sa folle.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 11.