Weppers woansdei 21-10

Meinte-Sixma-toernoai
21 oktober 2015
Útslagen Meinte-Sixmatoernoai
22 oktober 2015

Meinte-Sixma-toernoai
Fannemiddei fan 13.00 oan ’t 16.00 oere is it jierlijkse Meinte-Sixma-toernoai yn Easterein foar alle D-, E- en F-pupillen fan SDS. De fuotballers wurde yn de fuotbalklean om 12.45 ferwachte. De supporters lykas alle pakes, beppes, buorlju, heiten en memmen en goeie en fage kennissen binne fanôf 12.58 fan herte wolkom!

SDS Vr 1. teamscan
De froulju fan SDS Vr1. hawwe juster in teamscan hân fan Mark Postma. Neffens de reaksjes op Facebook wie dit tige de muoite wurdich!


De Treffer
De Treffer leit sûn ’t juster by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems. As alles meisit dan leit de Treffer dit wykein by jim op de matte mei nijsgjirrige stikken oer ús nije Trefferredaksjelid, Kris Gaastra, Ruun Ogoni, Amarins Tjalsma, de Skoalleseize 2.0, SDS Look-a-likes en noch folle mear!

SDS 1 hat oefene
SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin Aengwirdum 1. Wy binne benijd nei it rissultaat.

Dizze A’s mochten juster meidwaan by SDS 1. Lourens, Frank, Habtamu en Gerwin.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Op sneon 19 en 25 desimber is der wer it jierlijkse krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Ek dit jier sil der wer in ploegje SDS’ers hinne.

Lokwinske!
Juster wienen sawol Bote “Töfting” Strikwerda as Gerlof-Jan “Servet” Hofstra jierdei! Noch fan herte lokwinske!

Fuotten skere
Striker Dooitze Nauta is wyld op glêde fuotten, mar wat him no wol slagget by Ajax, slagget mar net by SDS. Sjoch
hjir mar ris.

SDS Look-a-likes
Yn de nijste Treffer sille jim ek wer 3 SDS-Look-a-likes oantreffe. Ek steane der al in stik of 3 yn de wachtrij foar de Treffer fan desimber. Mochten jim ek noch SDS-look-a-likes witte, mail se dan nei
DeTreffer@vv-sds.nl!
Youri Mulder lookalike Robert Jensen lookalike
In NOS-Look-a-like: Robert Jensen as Youri Mulder

Echte fuotballers
Hjir in alderaardichste webside foar fuotballers dy ’t aardige fuotbalfilmkes diel wolle op it ynternet. Sjoch op
http://www.echtevoetballers.nl/.

Harsens derby (1611)
Wy nimme oan dat SDS 1 juster ek sa ’n knappe goal makke hat tsjin 5e-Klasser Aengwirdum.




Moarn mear!