Weppers woansdei 2-6-2021

SDS JO17-1 en JO15-1 yn de Regiokup!
1 juni 2021
Sneon 12 juny fuotbalklinik foar de MO17 en famkes dy ’t it ek leuk liket
3 juni 2021

Kom ek baljen by SDS Vr.1!

Foar oankommend seizoen is SDS Vr.1 noch op syk nei froulju dy’t it team fersterke wolle.
Op dit moment spilet SDS Vr.1 yn de 3e klasse.
Liket it dy wat nim dan kontakt op mei Seriette Strikwerda; 06-46531453

Regiokup

De hiele seizoen hast gjin wedstriden en no begjint it dan dochs. Op 5 juny giet de regiokompetysje fan start. Ek bij SDS binne der in oantal teams dy’t meidogge. SDS JO15 en SDS JO17 komme sneon yn aksje
Kommende sneon is dit it programma:

09:00 ST SDS/Nijland JO15 – Zeerobben JO15-3
10:30 ST SDS/Nijland JO17 – SC Franeker JO17-3

Lêste training


Foar de measte teams sitte de trainingen der al wer op. Ek foar SDS JO 17-2 dy’t it hiele seizoen mei in geweldige opkomst traind hawwe.
Sels op de lêste training wie der noch in moai ploechje, ûndanks it moaie waar, it feit dat it de earste skoalledei wie en de ûngetiid. Komplimint foar Pieter van der Valk. Hij soe net fanwege it lange gers ensa, mar betocht him. Ek Tjerk Andringa soe net fanwege in lestige blessure mar hij kaam wol.

SDS EK-League

Wij wolle jim freegje om it formulier sa gau mooglik yn te fullen. At jim it ynlevere hawwe, moatte wij de gegevens mei de hân ynbringe yn in bestân en dat is in hiele klus.
It soe hiel ferfelend wêze at wij de formulieren nije wike allegear krije. Dan sil it net slagje om de earste ronde aktueel te wêzen mei in tuskenstân.
Dus, stel it net út en doch it no. Sjoch hjir foar it formulier

Sponserrin

Op sneon 12 juny is de slotdei foar de SDS-jeugd en wurdt der ek in sponserrin hâlden. De jeugd hat ynmiddels al 225 stipers fûn, mar der kinne noch wol mear by. Wolle je ek sponserje klik dan hjir. It kin al fanôf 5 euries.

Harsens derby (2302)

Knap ferdedigd!