SDS JO17-1 en JO15-1 yn de Regiokup!

SDS JO8-JO12 hawwe yn it Abe-Lenstra-stadion traind
25 mei 2021
Weppers woansdei 2-6-2021
2 juni 2021

SDS JO17-1 en de JO15-1 sille meidwaan oan de Regiokup!
Dit betsjut dat sy de kommende wiken wedstriden fuotbalje tsjin oare klups.

SDS JO19-1 hie ek graach oan de Regiokup meidwaan wollen, mar spitich genôch hat de regering besletten dat der mar oant en mei de JO18 fuotballe wurde mei……
De oare jeugdteams by SDS hienen gjin belangstelling mear om wedstriden te fuotbaljen.

De JO17-1 en de JO15-1 sil wêr nedich fersterkt wurde troch spilers fan de JO17-2 en de JO15-2 as der net genôch spilers binne.

De jeugd oant en mei de JO15 en de MO17 hat op sneon 12 juny de slotdei.

Dit is rûchwei it programma yn Easterein de kommende wiken:
5 juny: 9.00 – 12.00 oere Regiokup
12 juny: slotdei SDS-jeugd
19 juni: 10.00 – 12.00 oere Regiokup.
26 juni: 9.00 – 12.00 oere Regiokup.

Spitich genôch is der noch gjin publyk wolkom……….