Doch ek mei oan de SDS-EK-League!

Weppers snein 6-6-2021
6 juni 2021
SDS-slotdei en sponserrin op sneon 12 juny
7 juni 2021

It EK-fuotbal stiet der eindelijk oan te kommen en lykas foargeande EK’s en WK’s organisere wy by SDS wer in EK-pool oftewol de SDS-EK-League!
Elkenien mei meidwaan.
It kostet €10,- en it prizenjild is ôfhinklijk fan it tal dielnimmers.
Dêrneist is der in poedelpriis yn de foarm fan in SDS-paraplu.

Doch EK mei!

Dielnameformulier SDS EK-League 2021(yn Word)

Dielnameformulier SDS EK-League 2021 (yn PDF)

Print it dielnameformulier út of ful it yn op de kompjoeter en bring it by:
*Aant Hofstra, Swingoerd 25, 8731 CV Wommels
of
*Willem Wijnia, de Homeie 27, 8731 EC Wommels
of
*Pieter Kamstra, ’t Kleaster 10, 8734 HB Easterein

of mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl

Graach ynleverje foar freed 11 juny 19.00 oere!

Súkses!