Weppers woansdei 2-3

Neikompetysje 3e/4e-Klasse
1 maart 2016
Weppers tongersdei 3-3
2 maart 2016

WPB -SDS 1

Sneon alwer in derby op it programma: Waterpoort Boys 1 – SDS 1. Jim kinne op de webside fan Waterpoort Boys in foarbeskouwing op de wedstryd fine.

Foar de memmen
Sjoerd Mossou fan it AD skreau koartlyn in
moaie kollumn spesjaal foar de fuotbalmemmen yn it algemien en fine foar de fuotbalmemmen fan SDS.

Hoe stiet it der foar?
Sa stadichoan binne wij al wer begong oan de twadde helte fan dizze kompetysje. Sommige jeugdteams begjinne wer op nul punten, oaren geane fierder yn de kompetysje dy’t yn septimber starten is. Hoe’t it der foar stiet mei de stand kinne jim
hjir sjen.

Oefenje
SDS B1 sil jûn efkes oefenje tsjin sc Berlikum B1.

It byld fan 10 jier
Voetbal Nederland is in nijsgjirrige side mei standen, útslaggen. topskoarders en folle mear.
Dit staatsje bijgelyks liket wol in beurs oersicht mei de AEX yndeks, mar it is it byld fan de wearde/prestaasjes fan SDS 1 fan it lêste jier, de lêste 5 jier en de lêste 10 jier.

Ferslach Nijland 2 – SDS 2
Op de webside fan vv Nijland stiet ek noch in ferslach fan de derby fan ôfrûne sneon tusken Nijland 2 en SDS 2. Jim kinne it hjir lêze.

De groetnis fan……….
Juster kamen wy âld-SDS-trainer Klaas Dijkstra tsjin. Klaas hat sûn ’t in pear jier Parkinson, mar makke in tige fittte yndruk. Hy wie út it wurk en dat die him goed sei der. Hy wie ek noch hartstikke skerp; “do kinst wolris foar it earst yn jierren de foarsitter fan SDS as 4e-Klasser wurde?”. Namens Klaas de hertlike groetnis oan alle SDS’ers, mei nammen de Hiemstra’s en Anne Brouwer! 

Klaas yn syn tiid as SDS-trainer.

Harsens derby (1680)
Dizze froulju spylje dúdlik mei 12 man……frou…….