Weppers tongersdei 3-3

Weppers woansdei 2-3
1 maart 2016
Seleksjes sneon 5-3
3 maart 2016

Kom mar op!


SDS 1 ride sich teisdeitejûn fysyk  ta en benammen mentaal  op de wedstriid fan sneon (WPB) en de rest fan dit seizoen. Spilers en begelieding ha yn Sportcentrum Akkermans ûnder oaren in Boksclinic hân fan Karst Kappe. Hey ho let’s go, wij zijn SDS 1, Sterk Door Samenspel!
Grt Mark

SDS 1
SDS 1 sil jûn traine yn Nijehoarne op keunstgers. Op de iene helte fan it fjild traint vv Scharnegoutum 1 en op de oare helte SDS 1. It soe samar kinne dat der op it ein fan de training in grutte partij dien wurdt.

WeePeeBee 1- EsDeeEs 1
Efkes foarútsjen nei de wedstriid fan sneon yn Snits. VoetbalNederlând generearret wer in
hiel oersicht. Dúdlik is dat se bij WPB iets mear fan de bijnammen binne. Sa nimt SDS it mooglik op tsjin Bles-sure. Guidetti, Jantje Smit, Pieke, Debrommer, De Spijker, Desloper , deTank en in PatatShoarma.

SDS B1 hat oefene

Justerjûn hat B1 in oefenpotsje spile tsjin Sc Berlikum B1. Al mei al in spannende wedstryd mei kânsen foar beide teams.

De rêststân wie 1-1 en ûndanks twa besunder grutte kânsen foar SDS yn e twadde helte is it hjirby bleaun.
Hans

G.n.t.
De earste ôflaste wedstryd foar sneon krije wy no al troch. De froulju fan NOK hawwe ôfbelle en kinne sneon dus net tsjin SDS Vr.1 fuotbalje. Wy hoopje dat it by dizze iene wedstryd bliuwt.

SDS 3 en 4
SDS 3 en 4 binne fan doel om jûn foar it earst nei de winterstop wer te trainen. Om ’t SDS 1 dochs yn Nijehoarne traint kinne sy efter de sporthal fuotbalje. Foar de klaaiboksen is it te wiet.

SDS A1 traine net
De A’s traine jûn net.

Kantine
Fannejûn wurdt it fêst wer in noflike jûn yn de kantine. In ferfanger fan Robert Sybesma stiet namelijk efter de bar en dé bekerkraker Feyenoord – AZ is op it grutte skerm. 
 
SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir moarn op de webside.


Harsens derby (1681)
Ho!