Weppers woansdei 19-8

Weppers tiisdei 17-8
17 augustus 2015
Weppers freed 21-8
19 augustus 2015

SDS 1 oefene yn Nijlân
SDS 1 hat justerjûn oefen yn Nijlân tsjin de pleatselike twadde klasser. SDS 1 ferlear mei 1-0. Net in gek rissultaat tsjin in 2e-Klasser tochten wy sa.

SDS 2 oefene yn Wurdum
SDS 2 wie juster te gast yn Wurdum. Tsjinstanner wie WWS 1. SDS 2 spile knap, mar it wie âld-SDS’er Frank Krol dy ’t skoorde foar de Wurdum-Wytgaard-Swichumers. SDS 2 krige wol wat kanskes, mar it wie úteinlik WWS dy ’t der yn it lêste kertier noch 2-0 en 3-0 fan makken.

Trainingen jeugd
Noch net alle jeugd is los mei de trainingen. Foar inkelde teams wurdt noch socht nei trainers. Mocht dit rûn wêze dan begjinne ek dy teams te trainen.

Trainingen SDS 3 en 4
Op tongersdei 27 augustus geane de trainingen fan SDS 3 en 4 ek wer los. It begjint om 20.15 oere en steane op ‘e nij ûnder lieding fan de Louis van Gaal fan SDS; Harm Abma.

B-fjild
It nije B-fjild leit der hiel kreas by. It beste is no om it sa lang mooglik net te brûken sadat de gêrsmatte goed hechte kin. Wy kinne it yn elts gefal sa regelje dat der mei de beker net op fuotballe wurdt, mar op 12 septimber sil de earste wedstryd dêr wer spile wurde. Dat betsjut dat sa ’t it no stiet der net yn Wommels fuotballe wurde hoeft.

SDS-League
Fansels komme wy ynkoarten ek wer mei in nije SDS-League. Wol moat dan de transferperioade dien wêze. It sil dus wol begjin septimber wurde.

Út de wylgen
Stefan van Krimpen hat in skoftke net mear fuotballe, mar sjocht it dit seizoen wer hielendal sitten om te fuotbaljen en hat him wer oanmelden. Sa ’n earste oefenwedstryd is dan ek altiten spannend en dan kinne je samar wat ferjitte. Foar him al wat spitich dat it no krekt de fuotbalskuon wienen dy ’t hy net mei hie mei SDS 2 nei Wurdum. Hy hat se gau ophelle en de twadde helte wer as fan âldsk fuotballe.

Spilerspaskes fuort?
99,8 % fan de paskes is der, mar der misse ek noch in pear. As ien noch in spilerspaske hat dan soenen wy dy graach hawwe wolle. Mail dan efkes nei
info@vv-sds.nl. Wit b.f. ien wêr ’t de paskes fan Remon Bouma, Janieke Dijkstra en Gert-Jan Rienstra binne?

Moaie ynstruksje
In hiel moai ynstruksjefilmke foar (begjinnende) trainers no’t it seizoen wer hast begjint. De muoite wurdich om dêr ek as âlders efkes nei te sjen. Sjoch
hjir.

Harsens derby (1581)
Wat is der no moaier dan by je debút skore? Neat fansels! It wurdt al wat oars as je krekt foar 12 miljoen kocht binne en je skore ek noch krekt yn je eigen goal……….





Letter mear!