Weppers tiisdei 17-8

Weppers snein 16-8
15 augustus 2015
Weppers woansdei 19-8
18 augustus 2015

SDS 1
Sij oefenje jûn tsjin Nijland 1 yn Nijlân. It begjint om 19.30 oere op it wetrafjild y.f.m. de bulten wetter dy ’t juster fallen binne. Hendrik Sweering sil de wedstryd liede. De keepers sille dan ek wol in wantekontrôle krije……..

SDS 2
Sil jûn oefenje yn Wurdum tsjin WWS 1, de nije klup fan âld-SDS-trainer Hylke Schrale. De folgende spilers steane op de list:
1 Stefan
2 Allert
3 Bote
4 Feite
5 Gerrit
6 Hendrik
7 Jesse
8 Pieter K
9 Ralph
10 Tjeerd
11 Willem
12 Sjoerd R
13 Jurjen E
14 Pieter W
15 Wietse F 
Oanwêzich: 18:15
Balje: 19:30

Spilerspaskes
De ledenpaskes fan alle spilers fan SDS lizze yn de kast yn de bestjoerskeamer. De leiders kinne de paskes dêr wei helje.

Spilerspaskes fuort?
99,8 % fan de paskes is der, mar der misse ek noch in pear. As ien noch in spilerspaske hat dan soenen wy dy graach hawwe wolle. Mail dan efkes nei
info@vv-sds.nl. Wit b.f. ien wêr ’t it paske fan Remon Bouma is?

Minileague
De mini-leaugue (ús jongste F-kes) begjinne woansdei ek al. Der stiet al in aardige list talinten op de side. Sjoch
hjir.

Traine
Op 19 augustus gean alle F-pupillen (dus ek de minileague) wer los mei trainen. Allegear op tiid der wêze, it is fan 17:00 oant 18:00 oere. Ofmelde kin by my fia 06-26785381. Gr. Hans vd Schaar

Op klompen

Bauke de Boer fûn noch in moaie foto yn syn plakboek.

Harsens derby (1580)
Ek yn Tsjechië blike se in Martin Hansen te hawwen. Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Sjoerd van Beem ek drok oan it trainen is om te skoren: