Weppers woansdei 19-5-2021

SDS-League: Dûbel priis! ‘BarbEeltje’ kampioen en ‘MarkrEeltje’ de wykpriis!
17 mei 2021
Weppers freed 21-5-2021
21 mei 2021

Meitraine mei SDS Vr.1

SDS Vr.1 is foar folgend seizoen noch op syk nei wat ekstra froulju om de seleksje wat grutter te meitsjen. Sa sille der jûn 6 froulju meitraine dy ’t op dit momint noch gjin lid binne fan SDS. Trainster Akke-Rixt Zijsling sil tegeare mei de nije trainer Johan Wittermans en assistent Richard de Greef de training fersoargje.

Balje yn it Abe-Lenstrastadion

Pinkstermoandei sil de jeugd fan SDS fan de JO8 oant en mei de JO12 fan 12.00-13.00 oere yn it Abe-Lenstrastadion fan sc Heerenveen traine. De animo is grut, want der sille sa ’n 60 bern meidwaan. Nei it baljen is der fansels patat en limonade.

Hea

Luka van der Weg organisearet eltse snein in strjittefuotbaltoernoai foar de jeugd. Hjoed is hy te sjen op Omrop Fryslan-tillevysje.

De nije jeugdkommisje

It bestjoer fan SDS en de jeugdkommisje is de lêste tiid drok op syk west nei nije leden foar de jeugdkommisje. Mei de nije leden Dirk de Jong, Pieter Kamstra, Anno Feenstra en Christien van der Valk is SDS dan ek hiel bliid. It SDS-bestjoer blieuwt noch drok op syk nei in nije jeugdfoarsitter.

Hennie nei ONT

Hennie Roubos stoppet by as SDS as fersoarger y.f.m. de reistiid tsuken syn wenplak  Gorredyk en Easterein. Hy sil wer yn de buert oan de slach by syn âlde klup ONT. Wy winskje him dêr in protte súkses!
SDS is noch altiten op syk nei in nije fersoarger foar folgend seizoen. Mochten jim ien witte lit it ús dan witte.

Lêste training

SDS O27 en SDS B27 traine tongersdeitejûn foar it lêst dit seizoen.

SDS-EK-League

Moarn kinne jim hjir alles lêze oer de nije SDS-EK-League.

Slotdei SDS-jeugd op de Nationale voetbaldag

De slotdei foar de SDS-jeugd is dit jier op de Nationale Voetbaldag fan de KNVB op sneon 12 juny. Ynkoarten kinne jim hjir mear oer lêze.

Harsens derby (2299)

Ho!