Weppers freed 21-5-2021

Weppers woansdei 19-5-2021
19 mei 2021
Efkes Ballers wer soepel los
21 mei 2021

Spullen ynleverje

Tiisdeitejûn kin fan 19.00 – 20.00 oere by it ballenhok de ballen en de teamklean ynlevere wurde troch lieders dy dit noch thús lizzen hawwe of efter yn de auto. Klaas de Haan kin dit dan yn ûntfangst nimme.

SDS-slotdei foar de jeugd

Letter hjoed alle ynformaasje oer de SDS-slotdei foar de jeugd op sneon 12 juny.

Efkes balje

De efkes ballers sille jûn wer los yn Wommels. Alles stiet klear. Sels de buien…….

Tjerk 65 jier

Tjerk Okkema is ôfrûne wike 65 jier wurden en dat mocht hy witte:

Luka yn Hea

Ofrûne woansdei wie Luka van der Weg mei syn strjittefuotbalkompetysje op Omrop Fryslân yn Hea.

Titus yn Hea

Juster wie sporthalbeheerder Titus Bergsma y.f.m. syn ôfskie op Omrop Fryslân yn Hea.

Harsens derby (2300)

Ho!

 

Letter miskien wol mear!