SDS-League: Dûbel priis! ‘BarbEeltje’ kampioen en ‘MarkrEeltje’ de wykpriis!

SDS Vr.1 op syk nei nije spylsters!
13 mei 2021
Weppers woansdei 19-5-2021
19 mei 2021

It wie dúdlik de wike fan Eeltje Postma. Hy fielt him as in fisk yn it wetter, want hy wurdt net allinnich kampioen mei ‘BarbEeltje’, mar pakt ek nochris de wykpriis tegeare mei syn Marije mei ‘MarkrEeltje’.
Fan herte lokwinske! Nim der mar in lekkere ijsko op! Of in lekker fiskje fansels!


De opstelling fan ‘MarkrEeltje’:
Padt (GRO)
Geertruida (FEY)
Max (PSV)
Ebeuhi (TWE)
Wittek (VIT)
Koopmeiners (AZ)
Vloet (HER)
Van de Streek (UTR)
Haller (AJA)
H. Veerman (HEE)
Thy (SPA)

Hjir de opstelling fan ‘Okke Boys’:
Padt (GRO)
Pröpper (HER)
Max (PSV)
Ter Avest (TWE)
Doekhi (VIT)
Koopmeiners (AZ)
Rienstra (FOR)
J. Veerman (HEE)
Tadic (AJA)
Berghuis (FEY)
Giakoumakis (VVV)

‘BarbEeltje’ Postma bleaun úteinlik de ‘Okke Boys’ fan Okke van der Kamp noch aardich rom foar. Okke hat him aardich herpakt nei yn de earste helte as lêste eindige te wêzen en no dus kreas as 2e.
‘Fc Munnaps’ fan Bote Strikwerda wurdt úteinlik 3e en Gerlof-Jan Hofstra mei ‘FC Op nei de Top’ 4e.
‘FC Hallema'(Arjan Hallema) en ‘FC Lollum'(Simon Bruinsma) binne dield 5e wurden.

De SDS-League hie net folle langer duorje moatten of Johan Delfsma hie mei ‘Onana Clean Sheet’ foar it kampioenskip gien. Yn de lêste 4 wiken pakt hy 2 wykprizen en grypt hy der twa kear krekt neist. Fan hast ûnderoan is hy noch krekt op tiid de top 10 binnenkaam om in lyts pryske mei te pakken.

Thys Bruinsma pakt mei ‘Dy Kloaten’ de poedelpriis; de SDS-paraplu., Wy sille sjen dat de SDS-paraplu gau nei Lollum komt foar it reinwetter op is……..

SDS League 2020-2021 twadde helte eindstand wike 12

Ein dizze wike kinne jim de formulieren fine foar de SDS EK-league. No al nocht yn!