Weppers woansdei 19-3

Weppers tiisdei 18-3
18 maart 2014
Help SDS oan ING!
20 maart 2014

Seal: SDS 1 wer krekt ûnderút
Ferline wike ferlearen de sealfuotballers fan SDS 1 krekt mei 3-2 fan koprinner Haskerland wylst der kânsen wie op mear. Justerjûn itselde byld by SC Bolsward 1 – SDS 1. De mannen fan de wedstryd wienen dan ek wol de keepers. Spitich genôch foel der efter Johan Heerma krekt ien goal mear as efter de Boalserter goalie wêrtroch SDS 1 mei 4-3 ferlear.

ING
Grutte adfertinsjes yn de krante en op ynternet fan ING. Sij wolle fuotbalferieningen helpe at se in goed plan ha. Soe dat ek wat foar SDS wêze? Tjerk van de Pol twittert: wie pakt deze goudgerande handschoen op? Sjoch
hjir.

Blesseard
It liket derop dat Jappie Wijnia dit seizoen net mear fuotbalje kin. Hy hat mooglik in skuorke yn syn krúsbân. De dokter sil der noch efkes goed oer gear, mar it fuotbaljen wurdt foarearst yn elts gefal neat.

Net samar in kreet
A1 gjit foar winst en seurt net mear op inoar, respect!  Keuze foar ‘lange bal’ net altiid moai, mar it wurket wol.

SDS League
Wy tinke dat wy moarn wolris mei de nijste stân fan de SDS-League komme kinne.

Alderaardichst
Wy tinke net dat dit gemeenteriedslid yn Rotterdam hjoed in soad stimmen krije sil:
fashion2

Harsens derby(1233)
Wat sille wy hjir no fan sizze?