Weppers tiisdei 18-3

Weppers moandei 17-3
16 maart 2014
Weppers woansdei 19-3
18 maart 2014

Krap
Ôfrûne sneon sille der lykas ôfrûne sneon wol wer wat lju 2 kear fuotbalje moatte om ’t de seleksjes op it heden wat oan de krappe kant binne. It komt dan ek moai út dat SDS 1 om 14.30 yn Stiens tsjin de pleatselijke SC moat en SDS 2 om 12.00 út tsjin Hardegarijp fuotballet.

Blesseard
Tsjipke Okkema hat lêst fan de rêch en fuotballet yn elts gefal kommende sneon net. It is noch net te sizzen hoe ’t it de rest fan it seizoen komt.

Wurk
Marco Rypkema hat in baantsje krigen op sneon. Dit betekent net dat hy der de rest fan it seizoen net mear by is, mar it kin wol wêze dat hy ris in wedstryd misse moat.

Keeperstrainen
It keeperstrainen begjint kommende freed wer om 19.00
Marco


Stimme
Moarn meie wy nei de stimbus foar de ferkiezings fan de gemeenterie. It liket ús net maklik om te stimmen. De wepmaster mei de koarte stikels hat der in stikje oer skreaun op syn weblog. Yn de bylage fan de Op ‘e Skille stie fan alles, mar neat oer hoe de partijen tsjinoer SDS stean. Neffens ûnbetroubere bronnen soenen it CDA en de FNP it meast fiele foar in keunstgêrsfjild. Wy litte it oan jim oer.

Harsens derby(1232)
En dêrom fuotbalje wy en is Henk Bootsma fotograaf: