Weppers woansdei 18-4

Weppers tiisdei 17-4
16 april 2012
Weppers tongersdei 19-4
18 april 2012

Gjin trainen(1)

De dames ha jûn gjin trainen! Ik ha efkes op it fjild west mar it is mear swimbad as trainingsfjild.
Oare wike mar wer efkes sjen!
Groetnis,
Sytze

Gjin trainen(2)
MD1 hat gjin trainen.

Gjin trainen(3)
De F-pupillen hawwe hjoed gjin trainen y.f.m. it skoalfuotbal toernooi.
Tsjipke

Gjin trainen(4)
E2 hat hjoed ek gjin trainen
Bote

Ek gjin trainen(5)
E4 hat fannemiddei ek gjin trainen.
Der misse tefolle fuotballers.
Klaas


Lokwinsken
De lokwinsken binne hjoed foar Jan Simon Jelsma, hij wurdt 38 jier. De lokwinsken binne ek foar Bas de Haan, hij hat de 33 te pakken. De lokwinsken binne tabelsút ek foar de jongste 60-tiger fan SDS: Ate Vellinga.

F5
Wij krigen fan de mem fan Thiadmer (moaie namme en it skynt dat Tsjummearum ôflaat is fan
dy namme ) in groepsfoto fan F5. Jim kinne hjir sjen hoe’t dat der útsjocht en wa’t dêr bij sitte.

Seal 1
Seal 1 hat justerjûn mei 2-1 ferlern fan RES. It ferlies wie de skuld fan de goeie ferdigening fan RES (neffens Johan Delfsma)

Programma
It programma fan de kommende wiken kinne jim
hjir sjen, mar rekkenje der mar op dat der noch hiel wat feroaret.

Skoallefuotbal
Hjoed skoallefuotbal op de Skoalleseize nei skoalletiid.

Harsens derby (739)
Sy kinne yn Ingelân kamera’s yn de goal hingje, mar in goedkeapere oplossing is miskien de skiedsrjochter in goeie bril te jaan: