Weppers tiisdei 17-4

Weppers moandei 16-4
16 april 2012
Weppers woansdei 18-4
17 april 2012

Skoallefuotbal
Moarn is de striid der Titanen. It jierlijkse skoallefuotbaltoernoai wurd dan op ‘e fjilden fan ‘e Skoalleseize spile. Der dogge 17 teams mei, dus it wurdt wis spannend.
We sykje nog altiten skiedsrjochters om mei te helpen, wa wol?
Gr. Hans (06-26785381)

Gjin trainen
De F-pupillen hawwe moarn gjin trainen y.f.m. it skoalfuotbal toernooi.
Tsjipke

Froulju op de kyk
Esther van der K hat sneon noch wat foto’s makke fan Oosterlittens Da 1- SDS Da1, wêrfoar ús tank. Jim kinne se
hjir sjen.

Jierdei (1)
It wie ferline wike sa rêstich mei jierdeis dat je it hast ferjitte dat der ien jierdei wêze kin.
Wij wolle Johan Postma noch al efkes lokwinskje. Hij is tongersdei 13 april 22 wurden.

Jierdei hjoed
Wij pakke de tried wer op. Feiko Broersma hat hjoed syn jierdei en wurdt 23 jier. Ek Douwe Reitsma hat hjoed feest: 53 jier is hij fan wurden. Beide fan herte lokwinske.

Standen
De standen fan dit wykein binne wer bijwurke.  Sjoch foaral nei de goeie resultaten bij sommige
jeugd spilers.

Dooitze net
Dooitze is der kommende tongersdeitejûn net. Hendrika sil de stryktaken oernimme.

30 euro
Sneon fûn immen fan de begeleiding fan Minnertsgea 30 euro op it sportpark yn Easterein. De earlike finer melde him bij Anne Brouwer en dy frege binnen it team fan it earste at immen it kwyt wie.
Doé’t dat net it gefal wie, wist Anne wol rie: Yn de pot fan it earste.
Wij begrepen letter wêrom Enne Bruinsma oan de tafel bij it earste siet. Hij woe ek efkes meidrinke fan syn 30 euri’s.

Bosk kaaien fuort
Wa hat by it fuotbalfjild in boskje kaaien fûn mei in flesiepener derby? Graach kontakt opnimme mei
info@vv-sds.nl.

BOB

Sneon wie de BOB brigade op it sportpark. De barkeepers waarden útdost mei in teasjurt.

Dien
De fuotbal karriêre fan Sipke Hiemstra is dien. Ien wedstriid hat hij noch meidien dit seizoen en dêrnei heakke hij ôf mei ankelklachten. No docht bliken dat der gjin kraakbeen mear sit yn syn ankel en fuotbalje net mear kin.

Harsens derby (738)
Robert Sybesma skoorde sneon mei in frije traap. De keeper fan Minnertsgea hie gjin kâns. Hy waard wat ôflieden.