Weppers woansdei 18-3

Weppers tiisdei 17-3
16 maart 2015
Weppers tongersdei 19-3
18 maart 2015

Derby
Kommende sneon spilet SDS 1 de derby tsjin SC Bolsward 1. Dat liket ús in moaie gelegenheid foar eltsenien om manmachtich nei Easterein te kommen. De wedstryd begjint om 14.30 oere en wy geane foar 250 besikers.
Jim kinne it evenemint
hjir diele op Facebook. Ûnder de lju dy ’t dit evenemint diele wurdt in SDS-sjaal ferlotte. Degene moat sneon dan al by de wedstryd wêze fansels.


Giet net troch
SDS Vr.1 soe kommende sneon fuotbalje moatte tsjin de froulju fan Scharnegoutum Vr.1. Dizze wedstryd giet spitich genôch net troch. De froulju út Skearnegoutum hawwe net genôch spylsters. De wedstryd is no fersetten nei sneon 9 maaie.

Trainingsbroek fuort
Timen de Boer fan F1 mist syn SDS-trainingsbroek. Hy hie him sneontemoarn noch. Hy is mooglik fuortrekke yn boks 5. Wa ’t der mear fan wit mei maile
mei Lukas Offinga.

SDS League
Moarntejûn let kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje, mar earst leit hy moarntejûn yn de kantine.

Harsens derby (1456)
Dizze froulike assistent-skiedsrjochter lit dúdlik net oer har hinne rinne: