Weppers tongersdei 19-3

Weppers woansdei 18-3
17 maart 2015
Seleksjes 21-3
19 maart 2015

Programma
It programma fan kommende sneon mei skiedsrjochters kinne jim
hjir sjen.

Kantine is jûn iepen
SDS 1,2,4,5 en de A’s traine jûn allegear wer yn Easterein en Jan Stenekes hat bartsjinst. SDS 1 hat ien en oar te bepraten, de nijste stân fan de SDS-League wurdt bekend makke en fanôf 21.00 oere kinne wy Ajax – Dnjepr Dnjenopetrovsk moai efkes op it grutte skerm sjen. Kom allegear!

Klaverjassen
Moarntejûn kin der wer klaverjast wurde yn de kantine. It begjint om 19.30 oere. De ynlis is €3,- en der binne wer alderaardichste pryskes te winnen.


SDS-klean keapje!
Sneon fan 9.30 – 11.00 oere kinne der wer SDS-klean kocht wurde yn de kantine. Fan sweaters oan ’t hoodies, fan sokken oan ’t SDS-sjaals, alles is der!


Doelpunten
De doelpuntenlist is wer bijwurke. Dat duorre efkes langer omdat de doelpunten fan SDS 4 net trochjûn wiene. Us korrespondint yn dat team is Harm Auke. Meastal krije wij se al troch foardat de wedstriid dien is, seker at er sels skoard hat. Opfallend dat hij it dizze kear net trochjoech want wa hiene skoard?: Klaas van der Weg, syn eigen sweager en Jan Simon Jelsma, ek in PSV folgeling lykas Harm Auke.
De list, wêr’t de froulju boppeoan stean, Hendrik de Jong langsum oan nei de top slûpt, kinne jim
hjir sjen.

SDS League
Jûn let kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje. Om in oer as 20.30 oere leit de nijste stân al yn de kantine.

Harsens derby (1458)
As je it sa wolle, dan slagget it net!