Weppers tiisdei 17-3

Weppers moandei 16-3
16 maart 2015
Weppers woansdei 18-3
17 maart 2015

SDS en de Poiesz-aksje
SDS docht mei oan de Poeisz-aksje. Dêrfoar moatte je nei de Poiesz yn Skearnegoutum. Dit kin noch oan ’t 29 maart. Yn de kantine stiet ek in bak wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt.
De SDS-aksje sneon by de Poiesz hat flink fertúten dien. Sjoch hjir de nijste stân mar ris.


Derby
Kommende sneon spilet SDS 1 de derby tsjin SC Bolsward 1. Dat liket ús in moaie gelegenheid foar eltsenien om manmachtich nei Easterein te kommen. De wedstryd begjint om 14.30 oere en wy geane foar 250 besikers.
Jim kinne it evenemint hjir diele op Facebook. Ûnder de lju dy ’t dit evenemint diele wurdt in SDS-sjaal ferlotte. Degene moat sneon dan al by de wedstryd wêze fansels.


Programma sneon
It programma fan sneon mei skiedsrjochters kinne jim
hjir sjen.

Klaverjassen
Freedtejûn kin der wer klaverjast wurde yn de kantine. It begjint om 19.30 oere. De ynlis is €3,- en der binne wer alderaardichste pryskes te winnen.

Aaisykje
Yn de Telegraaf fan juster
in artikel oer de profinsjale ferkizeingen en dan mei namme oer Fryslân. Sa’t wij fan de Telegraaf wend binne, oerdriuwe is altyd in bytsje.  It is dan ek net sa sear de ynhâld wêr’t wij opwize mar op de petmannen op de foto. Dat binne de hearen Hoekstra en de Boer, better bekend as Marco en Eddy. Yn de tekst sels wurdt ek noch wezen nei in basisskoallemaster yn Easterein. Wij binne benijd wa’t dat no is.

Doelpunten SDS 4
SDS moast sneon wat let fuotbalje. It sil dêrom wol wêze dat wij de doelpuntenmakkers net trochkrigen ha. Wij kinne der yn alle gefallen wol fan útgean dat HAD te E net skoard hat, oars hiene wij it al witten.

Draaiend Rêd (3)
Pieter Kamstra wie sneon dochs net de ienige SDS’er dy ’t wat meinaam by DWP wei. Ek Tsjipke Okkema wûn wat mei it Draaiend Rêd en naam wat mei foar syn Esther. Prachtige wynglêzen. Ideaal foar 0,0% rosé…..


Koolstofmonoxide?
De mannen fan D2 wûnen sneon wer ris efkes en gienen al jûcheiend nei de boks. Noch net sa lang binnen kaam de iene nei de oare wat bleekjes nei bûten…… “It stjonkt yn de boks, neffens my hawwe wy koolmonoxidefergiftiging;” rôp ien fan de mannen. Ynspeksje fan ien en oar dy net folle fertúten. It stonk yn elts gefal behoorlijk nei benzine, mar der koe net in bron fûn wurde. Twa oeren letter waard alles dúdlik. De lieder fan F1 hie de tas mei sjurtsjes fan F1 efteryn de auto stean hân mei in jerrycantsje benzine dy ’t omfallen wie. Dy tas stie by D2 yn de boks……….

Harsens derby (1455)
Wy fûnen noch in alderaardichste yn in âlde doaze……..