Doch ek mei oan de SDS-WK-League!

Sneon 23-5-2026
22 mei 2026
Sneon 23-5-2026
22 mei 2026

De SDS-WK-League-kommisje hat besletten om de SDS-WK-League dit kear te dwaan mei help fan Scorito.com.
Om sels alle ynfulde listen yn te fieren yn de kompjoeter is dit kear monnikenwurk mei in WK mei fiersten tefolle dielnimmers……

It kostet €10,- om mei te dwaan.
Hjir foar krije je mei de tiid in Tikkie.
It prizenjild is ôfhinklijk fan it tal dielnimmers.

Klik hjir om mei te dwaan.

Koart sein moatte je earst de útslaggen fan de earste ronde ynfulle mei bygelyks de topskoarders en moatte je letter yn it toernoai de rest ynfulle.
Hjir fan wurde je op de hichte holden. It wiist him allegear fansels.

It WK begjint op tongersdei 11 juny, dus hjir foar moatte je de earste ronde ynfuld hawwe.

It ynfullen is maklik en oersichtlik. Der is ek in app!

Wy hawwe der no al nocht yn en ús foarsizzingen sitte der al yn.

Ut namme fan de SDS-WK-League-kommisje,
Aant en Willem