SDS WK weppers

Save the date: Een middag vol voetbalplezier en innovatie bij vv SDS!
8 juni 2026
Save the date: Een middag vol voetbalplezier en innovatie bij vv SDS!
8 juni 2026

League

It WK is los en de SDS WK-League ek.  De earste punten binne skoard en de earste ferrassingen kin aansens al gau noteard wurde.
De dielnimmers kinne sels op alle mominten sjen hoe’t se der foar stean yn de app fan Scorito.

Wij wille sjen wat der mooglik is om net dielnimmers fia de side mei sjen te litten.
Sa no en dan sille wij de tussenstân op SDS side sette mei wat kommintaar fansels.

Tuskenstân 1

Sa’t jim sjen kinne, binne der fan de 71 dielnimmers  4 dy’t beide wedstriden goed foarsein hawwe, want 45 punten is de maksimale skoare per wedstriid.
Fierders is it foar jim noch efkes riede wa’t efter al dy ferskriklike nammen sitte.
Sa is Jelmer net Jelmer dy’t jim miskien wol tinke, is FC Kruisband net sa lestich te rieden en binne de Sikmaboys, Arnout en Matthijs dúddlik wa’t se binne.

SDS WK-League 2022

Yn de SDS WK-League fan 2022 waard Eeltsje Bootsma de winner en eindigen Gerwin Sijbesma en Tom Wijnia beide as twadde. Der dienen doe 55 lju mei. Rudmer Jesse en Rinse Joustra pakten de poedelpriis.

Lieten

Wij hawwe ús eigen platen- en cd kast efkes trochwest mar koene neat fine wat mei in WK te meitsjen hat.
Dêrom binne wij bliid mei de deikalinder “Het kleine Café aan de haven”, want dy hawwe in top 5 paraat

Fuotbal sjen

At je thús net ûntspannen fuotbal sjen kinne, dan is der fêst in oplossing yn de buert.
Meardere horekagelegenheden binne te pas en ûnpas iepen.

Midsimmercup yn Dronryp

Wa’t moarn noch efkes nei it baljen wol kin moarn te plak yn Dronryp. Hjir wurdt de Midsimmercup ferspile. Dit 5-tsjin-5-toernoai wurdt al sûnt 2004 organiseard. Dit jier is de 21e edysje. SDS docht spitich genôch net mei dizze kear. Mei altiten in sterk dielnimmersfjild is it tige de muoite wurdich om efkes om it hoekje te sjen.

Harsens derby (2390)

Yn in iepeningswedstriid fan in WK kin ris in reade kaart falle. De reade kaart yn de iepeningswedstriid fan it WK fan 1990 tusken Argentinië en Kameroen wie miskien noch wol it meast terjochte fan allegear…….