Weppers woansdei 17-11-2021

Weppers moandei 15-11-2021
15 november 2021
Weppers freed 19-11-2021 mei seleksjes
19 november 2021

Rein Hofstee ferstoarn

Op 9 novimber is Rein Hofstee fan Easterein ferstoarn.
In beskieden man dy’t op de eftergrûn in waarm hert hie foar SDS.
Mei Enno Bruinsma wie hij al moai wat seizoenen wedstriidsponser fan ien fan de thúswedstriden fan SDS 1.
Op it boerd mei freonen fan SDS stiet ek de namme fan Rein en Bruinsje.
Rein Hofstee is moandei te hôf brocht yn Easterein.
Wij kondoleare syn frou Bruinsje, syn bern, pakesizzers  en oare famyljeleden mei dit ferlies en winskje harren in soad sterkte ta.

Nij sponserboerd

Allinnich om dit nije sponserboerd fan Bakkerij Posthuma soenen je kommende sneon al graach by SDS komme wolle.

Nij sponserboerd

Bouwbedrijf Bootsma út Turns is al sa lang stiper dat it reklameboerd oan fernijing ta wie. De nije stiet alwer klear om op te hingjen.

Gjin útferkeap

Y.f.m. de nije Koronarigels kin de útferkeap fan SDS-klean sneon net troch gean yn de kantine. Hoe ’t jim no oan SDS-klean foar de helte fan de priis komme kinne sille jim hjir moarn lêze kinne op de SDS-side.

9-0

SDS 1 mei tiisdeitejûn ynhelje yn Snits tsjin Sneek-Wit-Zwart 1. Sneek-Wit-Zwart 1 is koprinner yn de 3e-Klasse A. Juster spile SWZ foar de beker thús tsjin Minnertsga 1. De wedstriid wie fêst wat attraktiver as Nederlân – Noarwegen……

Nûmer 100


Op it Freonenboerd fan SDS steane mar leafst 99 buordsjes mei Freonen. Tiisdei hat nûmer 100 him oanmelden. Ph. de Boer sr. is de 100e Freon fan SDS.!

Harsens derby (2325)