Weppers freed 19-11-2021 mei seleksjes

Weppers woansdei 17-11-2021
17 november 2021
Sneon 20-6-2021
19 november 2021

Sûnder publyk

Alle wedstriden yn it amateurfuotbal binne sneon sûnder publyk.Ek wy fine it ûnbegryplik, mar kinne hjir neat oan dwaan…

Kantine

Wylst wy as feriening net ien bûten slúte wolle binne ek wy ferplichte om te kontroleren op de QR-koade yn de kantine……. De kantine is allinnich iepen foar fuotballers.

Jûn los

It sântal fan SDS VR 1 sil jûn wer los yn de kompetysje. Oosterlittens en Dronrijp/Foarút binne de tsjinstanners. De wedstriden wurde spile op Schatzenberg , it sportpark tusken Dronryp en Menaam.

Scharnegoutum 1 –  SDS 1 g.n.t.

SDS 1 treft it net. Al foar de twadde kear meldt in tsjinstanner him ôf fanwege koroana. Earste wie it Sneek Wit Zwart en no dus vv Scharnegoutum.

Traine

Om dochs it gefoel wat te hâlden sil SDS 1 no moarn traine om 12.30 oere. Tiisdei mei SDS 1 ynhelje yn Snits tsjin Sneek Wit-Zwart 1.

St BMJ VR1 – SDS VR1 g.n.t.

It soe in swiere opjefte foar SDS VR 1 wurde dat snakt nei punten. De kombinaasje Berlikum, Minnertsga en St Jabik soe de tsjinstanner wêze om 14.30 oere op sportpark De Koekoek.SDS Vr. hat troch ekstra wurk yn de soarch, sykte en Korona net genôch froulju om moarn nei Berltsum te reizgjen. De wedstriid giet dus net troch.

SDS 2 – Rijperkerk 2

Om 14.30 yn Easterein in ploech mei 10 punten (SDS 2 ) tsjin in ploech mei 5 punten (de Protters). Wij hope dat Jan Los ta de technyske stêf rekkene wurdt, dan krije wij wol in ferslach snein, Wij sille besykje middeis wat twitts te ferstjoeren, sadat jim wat op de hichte bliuwe.
De seleksje: Mark, Wesley, Lourens, Arjen, Bauke, Ewout, Jort, Jurjen, Kevin, Lieuwe, Niels, Robin, Sietse, Tjitse, Tom en Wessel.
Bote en Willem nimme de koaching op harren, Rick liedt alles en Klaas de Haan flagget.
De seleksje wurdt om 13.34 oere ferwachte op it sportpark.
De foto’s wurde makke troch Henk Bootsma, it stikje troch Jan Los en Aant is der foar de Tweets.

SDS 3 – VVI 3 g.n.t.

Ek SDS 3 giet net troch……. VVI hat ôfbelle.

sc Franeker 6 – SDS 5

Om 12.30 oere hie it fuotbalpublyk yn Frjentsjer normaal sprutsen geniete kinnen fan dizze striid. Mar wij witte it, ek dêr is nimmen wolkom.
De seleksje: Harm-A, Doede-D, Dirk-Y,  Gert-J, Feite, Ids, Jenstje, Kerst, Klaas, Peter, Syb, Michael, Wiltsje en Leon.
Fertrek om 11.20 oere.

SDS 4 is frij

Jierdei

Hjoed gean de lokwinsken nei Tjalke Pander.
Hij is 83 wurden.
Pander wennet yn Bloemkamp yn Boalsert.

Jierdei (2)

Sjoerd Rispens is hjoed ek jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2326)

Jaap soe sneon oars sa by SDS 2 yn de spits kinne……..