Weppers moandei 15-11-2021

Sneon 13-11-2021
12 november 2021
Weppers woansdei 17-11-2021
17 november 2021

De nije Treffer

Tiisdei komt de nije Treffer út. Troch de nije Koronamaatrigels is ien en oar alwer efterhelle. Sa kinne je û.o. op snein 28 novimber al net mear nei sc Heerenveen – PSV……..

Frouljusjûn

Ofrûne freed wie it 7tsjin7-frouljustoernoai in grut súkses. Jim kinne der yn de Treffer fan desimber mear oer lêze.

Utferkeap

Kommende sneon sille wy útferkeap hâlde fan SDS-klean yn de SDS-kantine foar de helte fan de priis. Hoe as wy dat no dwaan sille y.f.m. de nije rigels moatte wy efkes besjen. Hâld de webside mar wat yn de gaten.

Sinteklaas hie hast wol ferlet fan nij SDS-guod.

Fan Sinteklaas

By SDS 5 hie Henk Postma it mar knap foarelkoar. Sinteklaas kaam 14.00 oere oan yn Easterein en doe hy hie al in nije oanfierdersbân fan Sinteklaas krigen:

MFT

Snein hat Luka van de Weg mei in stik of wat jongelju fuotballe op it MFT yn Easterein. Hy liet witte tige wiis te wêzen mei de strepen op it terrein en it nije stek.

Tongersdeitejûns ticht…

De kommende 3 tongersdeitejûnen is de kantine spitich genôch ticht.

3 wiken gjin frikandellen dus………

SDS-League

Ek yn de SDS-League binne wy noch net fan Covid ôf. Ommers stiet ‘Covid-11’ fan Dirk Stegenga noch altiten boppe-oan nei in wykein sûnder Eredivisie-fuotbal. It sil dochs net sa wêze dat de Eredivisie stillein wurdt en sa ‘Covid-11’ oan de totel helpt? Dit soe wol hiel tekenjend wêze…..

SDS seal frij

De sealfuotballers fan SDS 1 binne dizze wike frij. Sy spylje pas wer op woansdei 24 novimber thús tsjin GAVC 4 om 21.00 oere.

Harsens derby (2324)

Dúdlike skoudertriuw…………