Weppers woansdei 16-9-2020

Weppers moandei 14-9-2020
14 september 2020
Suksesfolle tarieding JO19-1
16 september 2020

SDS-dropaksje

De jeugd fan SDS is dizze wike drok mei it ferkeapjen fan drop. 1 pûde kostet €2,- en 3 pûdsjes €5,-. De JO11 hat alles al op(iten) ;). Binne se net by je west dan is der sneon yn de bestjoerskeamer fêst ek noch wol drop te krijen.

Ferslach SDS JO9-1

Hierbij nog de uitslag van SDS Jo9-1 tegen Sneek Wit Zwart. Helaas verloren met 6-11. Een maatje te groot zullen we maar zeggen. Het kan niet altijd feest zijn😉. En dit hoort er ook bij. We hebben goede dingen gezien en zaken waar de komende tijd door het te trainen we ons nog kunnen verbeteren.
Op naar komend weekend. Groet, Ronny en Frans Pyter

Oefenje

SDS JO19-1 hat juster yn Skearnegoutum oefene tsjin vv Scharnegoutum JO19-1. SDS wûn mei 3-1.

Op besite

Kommende sneon krije wy besite fan âld-SDS-trainer Jaap de Blaauw. Hy komt tegeare mei syn frou Lenie sjen by de wedstriid tusken SDS 1 en Workum 1. Jaap en Lenie hawwe jierren op Gran Canaria wenne, mar wenje sûnt koart wer yn Ljouwert. Jaap hat 4 jier trainer west by SDS.

Topper

Sneon om 14.30 oere begjint SDS 1 de kompetysje tsjin de ‘deaferve’ kampioen Workum 1. Elkenien is wolkom mei ynachtnimming fan de Koronarigels fansels!

SDS-bidons

De teams en skiedsrjochters dy ’t noch gjin SDS-bidons krigen hawwe dy krije se kommende sneon. Graach allegear jim namme op je SDS-bidon sette.

De Freule

Sneon wurdt de Freule ferkeatst yn Wommels. Dat betsjut dat guon SDS’ers sneon net fuotbalje kinne. De wedstriid fan JO17-1 is dan ek op foarhân al ôflast, want sawol Ate, Wessel as Redmer moatte keatse en Milan sil blokje rinne. By JO17-2 mist Sybo Wiersma en by de JO15-2 Jelmer Abels om ’t sy keatse meie op de Freule. Wy winskje harren allegear in soad súkses ta!

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine fansels wer iepen fanôf in oer as 20.21 oere. Der sil ien fan de JO19-1 efter de bar stean. Wy binne benijd!

Harsens derby (2253)

Machtich!!