Weppers moandei 14-9-2020

Sneon 12-9-2020
11 september 2020
Weppers woansdei 16-9-2020
16 september 2020

SDS 1 op de foto


Sneon sette Henk Bootsma de mannen fan SDS 1 efkes kreas op de foto. De spilersfoto’s komme letter op de webside.

SDS Vr.1 op de foto


Ferline wike kaam SDS Vr.1 al op de foto. De spilersfoto’s komme letter op de webside.

SDS 5 op de foto


Henk Bootsma sette sneon ek lyk de mannen fan SDS 5 mar fêst op de plaat. De spilersfoto’s komme letter op de webside.

Team- en spilersfoto’s

It soe moai wêze as de oare SDS-teams de kommende wiken ek efkes in teamfoto en fan eltse spiler in foto meitsje sadat wy ús archyf wer kompleet meitsje kinne. Der binne fêst genôch memmen en freondinnen mei in tillefoan wêr ’t je hiel goed foto’s mei nimme kinne.

Debút

Antony skoorde juster lyk by syn debút foar Ajax. SDS 5 hat syn eigen Antony. Kerst Hoekstra skoorde sneon ek lyk by syn debút foar SDS 5.

M

De jongens fan SDS 4 seagen foar de wedstriid efkes by SDS JO17-1 en fregen harren ôf wêr ’t de tsjinstanner wei kaam.

MMMMMMM………….Menaem fansels!

SDS-paraplu’s

SDS is alle fuotballers en skiedsrjochters fan SDS temjitte kaam troch elkenien in SDS-bidon oan te bieden. No wol SDS eins de SDS-supporters ek noch temjitte komme. No’t it nei de  hjerst rint tochten wy oan moaie SDS-paraplu’s foar in skaplijk priiske. Sy binne ynkoarten te krijen yn de bestjoerskeamer:

SDS-dropaksje

Dizze wike is de útstelde SDS-dropaksje. SDS-jeugd sil mei dropkes by de doarren del. Foar mar 2 euries hawwe je al in pûde en 3 pûden koste sels mar 5 euries. Sneon binne se ek wer yn de bestjoerskeamer te keap!

De nije SDS-League

Sy binne alwer los yn de Eredivisie, mar 6 oktober sit de transferperioade der pas op en dat betsjut dat wy dan wer los kinne mei in nije SDS-League. It wurdt de 57e SDS-League alwer, mar troch de Corona hienen wy de ôfrûne kear gjin winner. Oftewol; wa wurdt de 56e winner fan de SDS-League?

Harsens derby (2252)

No al ien fan de ‘moaiste’ missers fan it seizoen………