Suksesfolle tarieding JO19-1

Weppers woansdei 16-9-2020
16 september 2020
SDS en Korona (25 septimber)
18 september 2020

Tarieding JO 19-1 Bekerje en oefenje: 9 punten út 3 wedstryden (18 foar en 2 tsjin)

De JO 19-1 hat in seleksje (foto folget yn koarten) fan 16 spilers, d.w.s. 9 sterkhâlders en mar leafst 7 foar in part nije gesichten en mei de luxe fan 2 keepers.

Dat wol sizze: Stijn S. (K), Anco, Wiltsje, Eeltj(s)e, T(s)jerk, Tjitse, Douwe Jan, Kevin en Sjoerd. “Nij” binne : Steijn G. (K), Tim, Gerbrand, Remi, Tom, Wessel en Jente.

Nei dizze 3 bekerwedstryden en de oefenpot tsjin Skearnegoutum waard al sein ‘in leuk ploechje”. Dat is wier en we sille sjen as we op’e nij meikomme kinne yn de earste klasse.

Ek nij is trainer Remco Bervoets, dy’t op tiisdeitejûns tegearre mei my de trainingen fersoarget. Remco behoeft gjin neiere yntroduksje en kin syn erfaring as haadcoach mear as kwyt wat de organisaasje, de spylwize en tactiek oanbilanget. En: Pieter de Boer is yn ôfslanke foarm werom as lieder.

 

De wedstryden

5/9 FC Harlingen thuis: 7-1 (rêst 3-0)

’6: 1-0 Anco (P.), ’14: 2-0 Tjerk, ’23: 3-0  Tjerk, ’47: 4-0 Tjerk, ’60: 5-0 Tjitse ’70: 6-0 gastspiler Sjirk (17-1), ‘85 7-0 Gerbrand, ’88: 7-1 E.D. (fia fia)

In fraaie hattrick fan Tjerk!

 

12/9: WPB út: 0-5 (rêst 0-2)

’15 0-1 Anco, ’30: 0-2 Tom, (rêst), ’53: 0-3 Douwe Jan ’60: 0-4 Tjerk en ’75: 0-5 Douwe Jan

Anco dy’t flak foar de goal opdûkt brekt de wedstryd iepen en Tom plukt in cross-pass ut’é loft mein in volley in lit de keeper kânsleas. De stelrigel: alles wat je yn ien kear dwaan kinne, dwaan!

De tsjinstanner byt steeds mear fan him ôf mei in tal ûnnoadige oertredings. Hun lieder hellet de baaskes fuortendaliks wol nei de kant en wikselt, de arbiter (sûnder boppebûske) fluitet ridlik, mar docht fierder dus neat. Risseltaat: ’60 útfaller Sjoerd (ankelbân, foar de fierde kear …) en ’82 Kevin der ek ut nei in wylde tackle op it ankel). As in wûnder bliuwt it derby, alhoewol in tredde spiler ek lêst krigen hat.

Remco wie mei en seach it barren. Wy ha de rêst mar bewarre en de trije punten byskriuwe litten.

 

19/9 NOK/Bakhuizen thús: 6-1 (rust: 2-1)

FC Harlingen hie mei 5-0 fan dizze ploech wûn. Wat meije jo dan ferwachtsje, in minne ploech? Dat foel wol ta.

We kamen sels efter mei 0-1 (’12) mei yn skot fan 36 meter dat, droegen troch de wyn, oer ús keeper bedarre. Justjes wat tefolle foar de goal, dan jildt dat in warskôge man dernei alert is. Dat wie der ek, en de rest ek, allinnich wy hawwe noch skoard. Foar rêst waard de stân ombûgd nei 2-1 en nei 90 minuten stie it mar leafst 6-1, mei as Doel Punt Makers (DPM): Eeltsje, Gerbrand, Tom, Kevin en Wessel W. (2x). Kepper Steijn G. makket syn debuut (’68) en krige net folle te dwaan.

 

Tiisdei 15-9-2020 oefenje út tsjin Scharnegoutum JO 19-1: 1-3 (rust 1-1)

DPM: Scharnegoutum 1-0, ’30 Tjitse 1-1, Douwe Jan ’58: 1-2 (fraaie lob!) en ’78: 1-3 Gerbrand.

Yn de rêst krige de ploech fan de trainers de opdracht mei om mear it spul te ferpleatsen en dat lukte de twadde helte aardich. Mei safolle technysk feardige middenfjilders moat dat lukke.

Keeper Steijn Groothof keepte de hiele twadde helte en ferrjochte in pear fantastyske reddings! Dat biedt perspektyf.

In fraaie tarieding en sa as men seit ‘in leuk ploechje”. Foaral moai om te sjen dat de ‘alde’ ploech de nijkommers sa’n fijn wolkom en fertrouen jout. Sneon 12:00 thús de earste kompetysjewedstryd tsjin Heerenveen JO 19-2, begjin dit jier een gelykspul.

Henk Mulder