Weppers woansdei 16-4

Weppers tiisdei 15-4
14 april 2008
Weppers tongersdei 17-4
16 april 2008

SDS 2 docht goeie saken
SDS 2 hat justerjûn goeie saken dien yn de striid om it 3e plak en dêrmei de periodetitel. SDS wûn yn Nijlân de derby mei 1-0. Matchwinner wie Floris Hiemstra. Hy kopte nei in minút as 10 raak nei in korner. Floris helle it ein fan de wedstryd net. Hy krige yn de rin fan de earste helte in knibbel yn ‘e heup en moast yn it begjin fan de twadde helte útfalle.
SDS 2 moat noch 2 wedstriden. Mochten sy sneon yn de Lemmer fan CVVO winne dan kriget it seizoen ek noch in sturtsje mei de neikompetysje. Trainer Hylke Schrale hellet mei SDS 2 dan dochs noch dat wat yn jannewaris noch foar ûnmooglik holden waard.

Nijlân thús?
Opfallend wie juster it grutte oantal supporters fan SDS yn Nijlân. Der wienen sa ’n 25 SDS’ers dy ’t de muoite nommen hienen om SDS 2 tsjin Nijlân 2 te sjen.

VI-Kwis
Op de webside fan de VI stiet wer in nije kwis. Wy binne benijd nei jim skores(klik
hjir).

Kin gebeure…..(4)
Ôfrûne moandei koenen jim hjir it filmke sjen fan Oliver Kahn dy ’t Mark van Bommel iets te enthousiast “oankrûpte”. Enne Jehannes Bruinsma is der no efter kommen dat ek Oliver Kahn de webside fan SDS besiket, want it filmke is ynmiddels fan YouTube ôf.

Kin gebeure….(5)
Miskien moatte wy by SDS ek nochris ballenjongens hawwe…….