Evenementen in november 2022

Weppers woansdei 16-4
16 april 2008
SDS League: Jan pakt alwer de wykpriis!
18 april 2008

Super
Op de fyts nei it fjild om de B-junioaren te trainen.
In pear ôfsizzingen, dat mar sjen hoefolle as der komme.
Ik helje de ballen en hesjes op en rin nei de útgong fan de Skoalleseize.
Der kom ik Thomas vd Meer tsjin mei de sporttas op de skouder. Hoi, sis ik, wat moai om dy hjir wer te sjen. Silst ek wer traine? Ja, seit Thomas, foar de earste kear wer, mar ik mei net koppe. Efkes letter stean ik te wachtsjen op it fjild en der komt Marco oan. Marco is siik en der binne mar 4 A-junioaren, dat Klaas sil de mannen traine.
Lokkich binne der mar 11, dan kin ik sels ek efkes mei dwaan.
Foar we begjinne rop ik de jonges by inoar om Thomas efkes in spesjaal wolkom te hjitten. Thomas hat de hiele training mei dien en dat gie poerbest. It liket allegear mar gewoan miskien, mar foar my wie it in bysûndere training.
Moai dasto der wiest Thomas! En fansels de oare 10 ek.
Klaas Pompstra

Muzikale famylje(1)
De VI kwis fan dizze wike (klik
hjir) freget om muzikale fuotbalfans. Dirk de Jong hat der 7 fûn. Hij is tige benijd at er muzikalere famyljes binne. Lit it ús witte.

Muzikale famylje(2)
Der binne muzikalere famyljes as dy fan De Jong. Skelte Anema tinkt alles goed te hawwen en Jan-Rinse Blanksma komt ek in hiel ein.

SDS F3 spilet lyk
SDS F3 hat juster mei 2-2 lykspile tsjin Mulier F2. By de rêst stienen sy noch mei 2-0 foar, mar de Wytmarsumers kamen de twadde helte knap werom.

SDS League
Folle tiid is der net, mar wy hoopje jûn of moarn mei de stân fan de SDS League te kommen.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe se noch net allegear en wolle eins de list kompleet hawwe foar de folgende Treffer. Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!


Kin gebeure……(6)
Soe Dooitze Nauta wat koppe kinne?


Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.