Weppers tiisdei 15-4

Weppers moandei 14-4
13 april 2008
Weppers woansdei 16-4
16 april 2008

SDS 2
SDS 2 hat justerjûn mei 1-0 wûn yn Nijlân. Moarn hjir it ferslach.

Bedoarn
De trije hearen Anema fan Mantgum hiene it snein sa moai betocht. In folslein programma yn de earedefysje, dat betsjutte jûns in âlderwetske Studio Sport at je Humberto Tan efkes ferjitte.
Om de spanning der wat yn te hâlden hiene de Anema’s betocht dat se harren middeis net op de hichte stelle soene fan tuskenstannen en einstannen. Oebele hie sels 20 kilometer te kuierjen west om ek mar üt te sluten dat hij wat heare soe.
Kreas sitte se fanôf 19.00 oere op de bank en sij wiene foaral nijsgjirrich nei de ferrjochtingen fan sc Hearrenfean.  Fol ferwachting sieten se nei de oankundiging te sjen. Krekt doe, om 19.10 kaam Doet binnen. Normaal sprutsen net echt ynteresse foar it fuotbal, mar no wol: “Sneu net dat it Fean ferlern hat”.
De lol wie der fuort goed ôf bij de heren.

Ynhelje(1)
Jûn wurdt der fuotballe yn Easterein. SDS E4 spilet om 19.00 tsjin Leeuwarden E5.

Ynhelje(2)
Der is moarntejûn ek fuotbaljen yn Easterein. SDS F3 hellet om 18.30 yn tsjin Mulier F2.

SDS League
Trochdat FC Groningen – Ajax snein ôflast is komt de nije stân fan de SDS League ek wat letter. Dizze ynhelwedstryd fan moarn wurdt noch meinommen yn de skore fan ôfrûne wykein. Wy hoopje tongersdei de nije stân publisere te kinnen.

Aktie by Aktiesport

Jûn(tiisdei 15 april) is it tusken 18.00 en 21.00 VIP-night by Aktie Sport yn Ljouwert en Snits. Alle leden, frywilligers en elts wa dit lêst is by dizze utnoege om te profiteren fan 25% koarting op de hiele kolleksje!!! Mis dit net!!
Gr Gerard en Tineke.

Spesjaal foar keepers
Wa ’t gek is fan keepen moat eins moarntemiddei efkes nei Wurdum op de fjilden fan WWS sjen(klik hjir).


Kin gebeure…..(3)
De bal giet út en je wolle graach snel wer yngoaie. De ballenjongen smyt de bal werom en wy begripe no wêrom ’t dy sa neamd wurdt……..

Nijs?
Of oars wat. Maile kin nei
dizze adressen.