Weppers woansdei 15-5-2019

Jou je op foar it SDS-frouljustoernoai!
15 mei 2019
Weppers freed 17-5-2019
17 mei 2019

SDS JO9-1 – Nicator JO9-1

Jûn om 18.30 oere spylje SDS JO9-1 en Nicator JO9-1 in ynhelwedstriid yn Easterein.

SDS 4 – Heeg 3

Jûn spylje ek SDS 4 en Heeg 3 in ynhelwedstriid yn Easterein. De wedstriid begjint om 19.30 oere en wurdt lieden troch skiedsrjochter Enne-Jehannes Bruinsma. De muoite wurdich om efkes del te kommen tochten wy sa!
Dizze striders fan SDS wurde om 19.00 oere yn de boks ferwachte:
Peter, Arjan, Steffen, WiFi, Tseard, Johannes, Igor, DDK, Ralph, Niels H, Sytse, Remon, Ids en Gertjan.

SDS JO19-1 kampioen?

SDS JO19-1 is fan doel om kommende sneon kampioen te wurden. Sy spylje dan harren lêste kompetysjewedstriid tsjin MKV’29 om 13.15 oere yn Ljouwert. MKV’29 stiet no boppe-oan en hat ien puntsje mear. SDS hat in better doelsaldo, mar der sil wûn wurde moatte om 1e te wurden. Sneon manmachtich nei Ljouwert tochten wy sa!

Henk Mulder yn Amerika!

Mocht SDS JO19-1 sneon kampioen wurde dan soe dat in prachtige fear wêze op de hoed fan trainet Henk Mulder. Dizze fear sil dan al nei Amerika moatte, want hjir ferbliuwt Henk de kommende 2 wiken.

SDS JO9 der op út!

Ofrûne sneon mocht JO9 fuotbalje op Skylge en dat foldie harren skjin:
 

    

Sneon 25 maaie SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue

Op sneon 25 maaie spylje alle senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen en is der foar de froulju in frouljusfuotbaltoernoai. Wy wolle dan lyk it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees! Je kinne je hjir alfêst opjaan of fia je leider!

 

Harsens derby (2131)

Toet, toet!!