Weppers freed 17-5-2019

Weppers woansdei 15-5-2019
15 mei 2019
Sneon 18-5-2019
18 mei 2019

Kampioen?

Trije teams fan SDS kinne moarn kampioen wurde. SDS JO19-1 moat moarn winne om 13.15 oere by MKV’29 JO19-1 yn Ljouwert, SDS JO12-1 hat genôch oan in lykspul thús tsjin SJO DFC JO12-1 en SDS JO11-1 moat om 9.00 oere de derby tsjin Oosterlittens JO11-1 winne om kampioen te wurden.

Sneon muzyk fan Jan-Joost!

Sneon spylje SDS 1 en 3 harren lêste thúswedstriid fan it seizoen en kinne SDS JO19-1, 12-1 en 11-1 kampioen wurde. Mei dit foarútsjoch hat SDS 3 Jan-Joost regele om efkes te sjongen. It dak koe der sneon wolris ôf gean!

SDS 1 – DWP 1

SDS en DWP spylje net mear om de prizen, al sil SDS der alles oan dwaan om yn it lofterrygje te eindigjen. De folgende seleksje wurdt moarn om 13.15 oere op it sportpark ferwachte:
1 Jaap, 2 Remco, 3 Erik, 4 Marco©, 5 Gerwin, 6 Wiebe, 7 Frank, 8 Pieter, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Watze, 13 Yward en 14 Jelmer.

DWP 2 – SDS 2

Wêr as SDS 1 thús spilet tsjin DWP 1 mei SDS 2 út nei Sint Jut. Sy fuotbalje om 14.30 oere en de folgende seleksje fertrekt om 13.00 oere út Easterein:
Gertjan, Jurjen, Jort, Feite, Tjeerd, Lieuwe, Arjen, Niels, Sjoerd, Ralph, Anne, Jildert en Jesse.
Jort, Tjeerd en Lieuwe ride.

SDS 3 -WPB 5

SDS 3 mei dizze kompetysje noch twa kear balje tsjin WPB . Moarn tsjin WPB 5 en nije wike WPB 4. SDS 3 hat moarn syn lêste thúswedstriid fan it seizoen en fiert dit mei muzyk fan Jan-Joost nei de tiid. Dit sil de WPB’ers fêst ek goed dwaan. Sipke Hiemstra sil de wedstriid fluitsje. Dizze seleksje wurdt moarn om 13.30 oere op it sportpark ferwachte:
Auke, Harm D, Doede-D, Gert-Jan, Harm S, Jentsje, Jeroen, Ronny, Klaas, Peter, Robert, Tjeerd, Wichard en Willem(?).

Sneon 25 maaie SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue

Op sneon 25 maaie spylje alle senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen en is der foar de froulju in frouljusfuotbaltoernoai. Wy wolle dan lyk it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees! Je kinne je hjir alfêst opjaan of fia je leider!

 

Slotjûn SDS- en Nijland-jeugd!

Nije wike freed is der wer de jierlijkse slotdei fan de jeugd. Dit kear dogge SDS en vv Nijland dit tegeare yn Easterein. It is foar de fuotballers en fuotbalsters fan de MO13/JO13 oant de Minileague. Ek dit jier is der wer in fuotbaltoernoai, in fuotbalparkoers en fansels de befaamde penaltybokaal. En fansels limonade en patat! It begjint om 16.00 oere.
De jeugd kin harren hjir opjaan.

Harsens derby (2132)

Ho!

 

 

 

Letter miskien mear!