Weppers woansdei 15-12

Weppers tiisdei 15-12
14 december 2015
SDS League: "Tredde helte" pakt wykpriis!
16 december 2015

Kaai efkes fuort, mar ik al wer werom
It wie juster prachtich waar om te trainen, mar dêr hawwe je al ljocht by nedich. Spitich genôch wie de kaai fan it ljocht fuort en waard dy net op ‘e tiid werom fûn. Ynmiddels is de kaai werom en kin der noch efkes folop traind wurde, al sille de measte teams no wol winterstop hawwe. 

KNVB-Krystsealtoernoaien
De KNVB organisearet foar de jeugd ek allegear in KNVB-krystsealtoernoai. Hjir koenen je je foar opjaan. SDS hat dit ek foar ferskeidene jeugdteams dien yn goed oerlis mei de leider of trainer. Kommende sneon geane de earste krystsealtoernoaien los. It folledige programma foar de KNVB-krystsealtoernoaien kinne jim
hjir fine.

C2

Foar C2 sit it fuotbaljier 2015 der ek op. De lêste training mochten se noch efkes op de selfie fan Pieter de Boer.

Heale maraton
Tsjipke Okkema koe sneon net meidwaan by SDS 1 tsjin sc Joure, want hy hie him ynskreuan foar de heale maraton op Amelân; de Adventure Run. Hy rûn in knappe tiid fan 1.50,31. Dat moast fansels ek wol, want Esther siet efter him oan en dy mocht fansels net fan him winne. Sy rûn úteinlik in knappe tiid fan 2.07,59.
Fertaald nei it fuotbaljen betsjut it dat Tsjipke yn in fuotbalwedstryd sa ’n 17,1 kilometer drafe kin en as Esther meidocht miskien noch wol mear.

Alderaardichst
Mocht der wat jild oerbliuwe fan it keunstgersfjild dan wurdt dat brûkt om de bar yn de kantine oan te pakken:


SDS League
De nijste stân fan de SDS League kinne jim hjir yn de rin fan de dei besjen.

RABO-ledensponsering
Je kinne der foar soargje dat SDS troch de Rabobank ekstra stipe wurdt. As je lid binne (of wurde) fan de Rabobank dan kinne je harren freegje 5 euro te stoarten op de rekken fan SDS. Dit kin de hiele moanne desimber.
It kostet je sels neat!
Je meie je gegevens 
hjir ynfulle.
De kode fan SDS is: RLS_281


Harsens derby (1641)
Knappe frije traap!