SDS League: "Tredde helte" pakt wykpriis!

Weppers woansdei 15-12
15 december 2015
Weppers tongersdei 17-12
16 december 2015

Mei noch ien wike te gean is it noch altiten Durk Okkema dy ’t mei “FC DWO’pke” boppe-oan stiet. Hy pakt dan dizze wike mar 22 punten, it binne wol wer 4 mear as de nûmer 2, Eeltje Postma. Yn de nije Treffer kinne jim sjen wa ’t sy yn harren team hawwe en dan meie jim sels útmeitsje wa ’t de measte kans makket op it kampioenskip.

It mei dúdlik wêze dat der dizze wike net folle punten te ferdielen foelen. Sy hie Lolke Hofstra ferline wike de wykpriis mei 54 punten en pakt no Stefan van der Velde mei “De Tredde Helte” de wykpriis mei 34 punten. “Hey,hey,my,my” fan Lolke komt dizze wike krekt te koart foar de wykpriis mei 31 punten.

Stefan hat der yn de “Tredde helte” op de Freule alfêst ien op kocht!

Wa soe de winner fan it “kampioenskip fan Kûbaard” wurde? “FC Selsbetocht” fan Wytske Vermeulen stiet op it 19e plak mei 7 punten foarsprong op “Qbaard United” fan Skelte Anema. Wy binne benijd! It sil dochs net……..

De einstân fan de SDS-League wurdt bekend makke op de nijjierssit fan SDS op sneon 2 jannewaris.

Rudy Dijkstra en Ralph Wariman wurde fansels al efkes ferwachte op de nijjierssit. Sy kinne dan heechstwierskynlik harren poedelpriis yn ûntfangst nimme.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 11.