Weppers tiisdei 15-12

Weppers moandei 14-12
14 december 2015
Weppers woansdei 15-12
15 december 2015

Programma fjild
Kommende sneon moatte SDS 2 en SDS 3 los. Se moatte beide út. It twadde giet nei Nijlân en it tredde nei Boalsert. It fjirde moast nei Ljouwert, mar de Ljouwerter Sweltsjes hawwe te min spilers. Dizze wedstryd is dan ek al ôflast. 

Programma seal
De sealkompetysje fan de KNVB begjint sneon ek wer. Sjoch bij
Programma foar de “thús”wedstriden en klik troch nei de útwedstriden. Uteinlik binne it allinne mar útwedstriden yn sporthallen yn Ljouwert of Grou.

Standen
De standen mei noch trije wedstriden foar de krystdagen sjogge der
sa út.

De Treffer
De Treffer leit op dit momint by ús drukker Van der Eems en as alles mei sit dan leit hy dit wykein by jim op de matte.

RABO-ledensponsering
Je kinne der foar soargje dat SDS troch de Rabobank ekstra stipe wurdt. As je lid binne (of wurde) fan de Rabobank dan kinne je harren freegje 5 euro te stoarten op de rekken fan SDS. Dit kin de hiele moanne desimber.
It kostet je sels neat!
Je meie je gegevens 
hjir ynfulle.
De kode fan SDS is: RLS_281

SDS-League
It soe samar kinne dat hjir moarn de nijste stân fan de SDS-League al op de webside stiet. Wy binne benijd!

Ut de âlde Ljouwert Krante

Jierren lyn hellen wij wol gauris de rubryk sportspotsjes yn de LC.

Alderaardichst
Dit is miskien wol wat foar by it nije keunstgersfjild. In ferrydbaar útfak!


Harsens derby (1641)
Toet, toet!