Weppers woansdei 14-8-2019

Weppers moandei 12-8-2019
12 augustus 2019
Weppers snein 18-8-2019
18 augustus 2019

SDS 1 seal

Fan de sealfuotballers fan SDS 1 is de kompetysje-yndieling ynmiddels ek bekend:

SDS 2 sil oefenje

SDS 2 sil kommende sneon al foar it earst oefenje. Sy dogge dit om 12.00 oere thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2.

SDS 3 noch op syk nei in leider, mar hat al wol in woskfrou!

SDS 3 is noch altiten op syk nei in leider. De kompetysje begjint pas oer 4 wiken, dus sy hawwe noch efkes. In woskfrou hat har al wol oanmelden. De freondinne fan Marten Faber, Jetske, wol de sjurts wol útwoskje. Dat is al hartstikke moai fansels!

Koekoek!

Moandei koenen jim hjir sjen dat Jesse, Lourens, Inne en Gerwin yn Studio Sport te sjen wienen doe ’t Michel Vlap harren oan stie te gapjen by sc Heerenveen – Feyenoord. Efkes letter sjogge wy plots noch in bekende! Pieter Wesselius!

SDS-League

Mei de SDS-League wachtsje wy lykas altiten noch efkes oant de transfermerke slúten is. Dat is yn Nederlan op 2 septimber, dus sille wy sjen as wy dêrnei sa gau as mooglik los kinne. Gean mar fêst út fan sneon 14 septimber. Je kinne hjir wol alfêst in foarlopich team meitsje.

Harsens derby (2146)

Knappe assist!