Weppers snein 18-8-2019

Weppers woansdei 14-8-2019
14 augustus 2019
Weppers moandei 19-8-2019
19 augustus 2019

Programma SDS 1

De kompetysje begjint dit jier op 21 septimber. It wedstriidprogramma is bekend makke en it befalt de KNVB wierskynlik wol goed: SDS 1 begjint wer yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen, lykas yn 2017-2018 en 2018-2019.  Tototip fan ús 2-2, want dat wie de útslach de eardere edysjes.
In wike letter is de streekderby tsjin Scharnegoutum 1.

It hiele programma is hjir te sjen.

Oare teams

Ek fan de oare teams fan SDS is it programma bekend. It is te sjen op Voetbal.nl

SDS 2 hat oefene

At it goed is, hat SDS 2 sneon oefene tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2 . Oant no ta slagget it harren wer goed om de útslach net te melden.

SDS 1 tiisdei nei Ljouwert

MKV’29 1 is kommende tiisdei de tsjinstanner fan SDS 1 yn in oefenwedstriid. De wedstriid tsjin de sneins 4de klasser is yn Ljouwert

Oefenje yn Easterein

Kommende sneon is de earste oefenwedstriid fan SDS 1 foar eigen publyk. sc Bolsward is om 14.30 oere de tsjinstanner