Weppers woansdei 14-4-2021

SDS-League: ‘Onana Clean Sheet’ pakt de wykpriis!
13 april 2021
Regiocup jeugd en senioaren
15 april 2021

SDS-online-pubkwis

De SDS-online-pubkwis soe op freed 23 maart, mar it docht bliken dat der dan ek al in Tsjerne-online-Bingo is. Wy hawwe dêrom besletten om de SDS-online-pubkwis op moandei 26 april oftewol Keningsnacht te hâlden fanôf 20.00 oere. Jim hearre noch hoe ’t jim jim opjaan kinne en sa. It meidwaan is sawisa fergees!

SDS Vr.2 freed los!

SDS Vr.2 sil kommende freed foar it earst wer traine. Om ’t de froulju allegear krekt boppe de 26 jier binne sille se traine yn groepkes fan 4 neffens de Koronarigels.

Regiocup jeugd

De KNVB is drok dwaande mei de Regiocup te organiseren al moatte wy noch altiten ôfwachtsje as dit wat wurdt. Foar de jeugd hawwe sy al allegear yndielingen makke en hâlde sy rekken mei ferskeidene startdata. Moarn mear hjir oer.

Regiocup senioaren…………

Ofgeande op de útspraken fan juster hawwe wy it idee dat it net folle wurde sil mei de Regiocup foar de senioaren……… 11 maaie soenen wy dan miskien foar it earst wer mei syn allen traine meie…..
De KNVB soe kommende freed mei de yndielingen komme, mar sjocht it swerk ek al driuwen. Sjoch hjir.

Harsens derby (2296)

Toet, toet, ho……..!