SDS-League: ‘Onana Clean Sheet’ pakt de wykpriis!

Johan Wittermans nije trainer/coach SDS Vr.1
10 april 2021
Weppers woansdei 14-4-2021
14 april 2021

It seizoen like foar Johan Delfsma al gau bedoarn doe ’t Onana skorst waard foar mooglik dopinggebrûk. No pakt hy ûndanks syn lege klassering dochs noch ferrassend in wykpriis. Mei ‘Onana Clean Sheet’ pakte hy mar leafst 60 punten en bleaun dêrmei de rest fier foar. Al mei al stiet hy noch wol altiten noch mar 43e……

‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra nimt de kopposysje wer oer fan ‘BarbEeltsje’ Postma en nimt 2 punten foarsprong. Foar de rest bleaun de top 10 frijwol gelyk.

Jasper de Boer út Spannum docht dizze kear foar it earst mei en begie mei ‘Het Dispuut’ ergens ûnderyn. De lêste wiken krûpt hy langsum omheech en stiet ynmiddels al 12e. Miskien sit der noch wol in pryske foar him yn.

Thys Bruinsma docht mei ‘Dy Kloaten’ goeie saken foar de poedelpriis. De SDS-paraplu kin hy hast net mear misrinne no ’t it gat mei de ien nei ûndersten oprûn is oant 66 punten..

 

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 8