Regiocup jeugd en senioaren

Weppers woansdei 14-4-2021
14 april 2021
It fuotbal “op de bon”
16 april 2021

Regiocup senioaren

Moarn wie de KNVB fan doel om de yndielingen fan de Regiocup bekend te meitsjen oangeande de senioaren. SDS hat oanjûn yn elts gefal graach mei vv Nijland, vv Scharnegoutum en vv Heeg yn in poule te wollen. De KNVB is hjir noch wat mei oan it stoeien, mar de nije Koronamaatregelen soargje der foar dat der ynkoarten noch hielendal net om de Regiocup fuotballe wurde kin by de senioaren. De KNVB hat dizze yndielingen dan ek noch mar efkes útsteld. Sjoch ek hjir.

Dit soe bestjutte dat de senioaren net earder as 11 maaie as alles goed giet mei syn allen traine mei. De KNVB hat steld earst 4 wiken te trainen en dan pas los te gean. Dan soenen wy al juny wêze. Wy wachtsje it mar efkes ôf.

Regiocup jeugd

Foar de jeugd hat de KNVB al wol yndielingen makke dy werom te finen binne op voetbal.nl. Wannear de jeugd dan los mei is noch net bekend.

Dit is bygelyks de yndieling foar de JO19-1 dy ’t stiet te springen om los te gean!

De fleksibele spyldagenkalinder sjocht der sa út: