Weppers woansdei 11-4

Weppers tiisdei 10-4
9 april 2012
Weppers tongersdei 12-4
11 april 2012

SDS 1 pakt trije punten
It wie tiisdeitejûn in wichtich potsje foar SDS en it Fean’58. Beide moatte punten helje en it leafst mei 3 tagelyk. Hjirtroch krigen de talrike taskôgers in lekker potsje fuotbal te sjen. Mei striid, iepen kânsen, goeie reddingen fan de keepers en moaie doelpunten fan SDS. Bij it skoft noch 0-0, mar yn koarte tiid nei 2-0. Earst wie it Jacob Klaas dy’t strak foarsette, Jacob van Wieren dy’t mei de boarst opfong en sa de bal klearlei foar de prachtich ynsjittende Skelte Anema.
De 2-0 wie net minder moai, in goeie foarset waard prachtich ynkopt troch Tsjipke Klaas Okkema.
De 3-0 foel krekt net, en dêr troch bleaun it hiel spannend mei hachlike mominten. 2-1 waard it wol, mar yn it healtsjuster bleau it 2-1.

Sneon wer thús
Grutte kâns dat heal Minnertsgea kommende sneon nei Easterein komt. SDS 1 en SDS 2 moatte tsjin Minnertsgea 1 en  Minnertsgea 2. Allegear om 14.30 oere.

LC
Yn de LC fan juster stiet in artikel oer SDS-Veenwouden, mar miskien kinne wij better sizze fan fuotbal tsjin keatsen. De kop sprekt ús wol oan. Sjoch
hjir.

Skorst
De Haitsma’s fuotballen juster gewoan mei by SDS 1, dus dat betsjut dat sy kommende sneon skorst binne. Hienen sy moai mei Dirk-Yde mei kinnen op keatskamp………

Harsens derby (732)
SDS 1 stie juster mei noch in pear minuten te spyljen tsjin ’t Fean mei 2-1 foar en der waard sa no en dan al wat probeare om tiid te rekken. Lokkich genôch is jaap Toering net sa gemien as dizze keeper: