Weppers tongersdei 12-4

Weppers woansdei 11-4
10 april 2012
Weppers freed de 13e
12 april 2012

Fan de TC-jeugd
De T.C. is alwer drok dwaende om de nije yndelingen te meitsjen foar folgjend seizoen.
Wol iederien die’t al wit dat’er folgjend seizoen stoppet mei fuotbal dit behalve bij de ledenadministratie
ek melde bij de desbetreffende coordinator.
Dan kinne die d’r rekken mei halde mei de indelingen. 
Namens de tc-jeugd,
Boudewijn Kramer.

Juiche
De jonges fan E1, hast allegear Fean fans, woene it foar de training woansdei toch wol graach witte fan de trainer, dy’t foaral foar Feyenoord is : “Bist jûn toch wol foar it Fean net, juichst ek at Dost skoard”. It antwurd makke harren bliid en tefreden gyngen se trainen.

Net fit mar wol traine
It kin gebeure, moarns net fit út skoalle, op tiid ôfmelde foar it trainen en der dochs wêze om 5 oere. Klasse Hendrik.

Oprop
Sneon moat Da1 nei Littens. De lieder ropt de supporters no al om te kommen. 14.30 oere.

Programma sneon 14 april
It hiele programma foar sneon kinne jim
hjir fine. SDS 3 is sneon frij.

Stikje Haitsma’s yn de Ljouwerter Krante
Foar wa ’t tiisdei de bril net fine koe om it stikje fan Erik en Jacob-Klaas Haitsma út de Ljouwerter Krante hjir op de webside is
hjir it stikje noch efkes te lêzen yn wat gruttere letters.

SDS League
Y.f.m. de bekerfinale en dus gjin kompetysjeprogramma ôfrûne wykein yn de Eredivisie is der dizze wike gjin nije stân fan de SDS League.

Harsens derby (733)
Ja hawwe eigen goals en eigen goals. Dit is in eigen goal mei haadletters: