Weppers woansdei 11-1-2017

SDS Vr1 op OFK
10 januari 2017
Weppers tongersdei 12-1
12 januari 2017

SDS fjild

De fjild fuotballers fan SDS (Bote, Remco, Teun, Wiebe, Lourens, Marco en Ewout ) hawwe harren justerjûn sjen litten op de flier fan de Trije op it OFK yn Frentsjer. Fiif kear mochten se oantrede en dat levere 4 punten op. De ferliespartijen wiene allegear mei ien doelpunt ferskil.

SDS – Deinum   0-0
SDS – WPB seal   0-1
SDS – Blauw Wit fjild    1-2 (Teun skoarde en SDS siet yn it lêst ticht bij de gelykmakker)
SDS – Sint Anne 1-0  (Teun skoarde)
SDS – Krooster Boys 1-2 ( doelpunt fan Wiebe en de winnende fan dy lju út Beuningen foel yn de alderlêste minút)

WPB (15 út 5) en Krooster Boys (10 út 5) gean troch nei de finaledei. SDS einige as 5de yn de poule.

SDS seal

Jûn sil as lêste SDS seal los yn Frjentsjer. De earste wedstryd is om 19.44 oere tsjin Scharnegoutum. Sy sitte yn in poule mei DTD(seal), WWS, GAVC en sc Stiens.

Keepersbattle

Sneon docht de keepster fan SDS VR1 mei oan de Keepersbattle yn Aalsmeer.   Jim kinne hjir lêze wat Alize Bootsma dêr dwaan moat en wat sij winne kin…. En at jim sjen wolle hoe’t it der op Europeesk nivo oan ta giet bij soks, sjoch dan dit filmke

Oefenje

Tongersdeitejûn sil SDS 1 oefenje tsjin sc Scharnegoutum 1. De wedstriid is om 20.00 oere en wurdt spile op it keunstgers fan Easterein.

Easterein Rocks

Op snein 5 febreawaris is der alderaardichst initsjatyf fan Easterein Rocks. Sij organisearje in Live muzykkwis en dy wurdt holden yn Noflik. Muzyk stiet foarop mar geselligens is like wichtich, Jim kinne der hjir mear oer lêze.

Midwintercup 2004

Ien kear yn it jier mei dit filmke efkes op de SDS-side. Lang lyn doe ’t it OFK noch Midwintercup hjitte en it net yn Frjentsjer wie, mar yn it FEC yn Ljouwert. Spitich dat jim de geur fan ferskaald bier, sigarettereak, koestront en bakte hamburgers der net by krije, want dat ferjit je nea wer. En dat SDS wûn fansels!