SDS Vr1 op OFK

SDS-League: ‘Ajarnox’ pakt de titel!
9 januari 2017
Weppers woansdei 11-1-2017
11 januari 2017

SDS VR1 mocht moandeitejûn oantrede op it OFK yn Frjentsjer. Yn in poule mei mar leafst 7 ploegen mochten se besykje bij de earste trije te kommen.
It wie in drege poule, sa wie de earste ynskatting. “SDS VR 1 soe it net maklik krije”waard er sein.  De foarsizzingen kamen út.

Al yn de earste wedstrijd waard dat dúdlik. In ûnwennich SDS kaam net yn it spul tsjin in better Sint Anneparochie, dy’t elkoar makliker fine koene. En dat soe de hiele jûn it gefal wêze. Bettere ploegen en sleaue foutsjes dy’t gelyk ôfstrafd waarden. Oan de wil lei it net en oan it betiden geweldige keeperswurk fan Alize ek net. It wie it ferskil yn kwaliteit en de erfaring mei sealfuotbal.
Boppedat liket SDS VR1 wol in hiel jong team sjoen nei de oare teams dy’t fysyk ek noch wat oer hiene. In opstekker wie de fertsjinne oerwinning tsjin Hardegarijp.

It waard in learsume jûn mei dizze útslaggen
SDS – Sint Anne     0-5
SDS – Hardegarijp  2-1  (doelpunten Jeska en Tjitske)
SDS – Emmeloord  0-5
SDS – Heerenveense Boys 2     0-3
SDS – Lac Frisia  1-4  (doelpunt Gerry Edou)
SDS – Avanti    0-6

 

 

 

 

 

Noch wat plaatsjes