Weppers tongersdei 12-1

Weppers woansdei 11-1-2017
11 januari 2017
Weppers freed 13-1
13 januari 2017

SDS Seal nei finaledei

SDS Seal hat juster yn in spannende poule  in goed resultaat helle. Mei trije oerwinningen en in gelykspul waard it twadde plakje yn de poule helle


SDS – Scharnegoutum     2-3
(krekt foar tiid 2-1 foar SDS, mar noch krekter foar tiid de winnende fan Scharnegoutum……)
SDS – DTD        2-0  (mei in magistrale stift fan Robert)
SDS – GAVC     3-2   (fleanende start 2-0 foar letter yn 40 sekonden 2-2 en de winnende fan Erik Haitsma)
SDS – WWS      4-0
SDS – sc Stiens  0-0 (salonremise)

Finaledei


De tsjinstanners foar de finaledei binne noch net bekend. Dy ploegen moatte harren fannejûn kwalifisearje. Dúdlik is wol dat SDS seal om 10.21 begjint.
De tsjinstanners komme út de folgende poules:

poule H14 poule H15 poule H16
 z.v.v. Avanti  lvv Friesland veld  v.v. Broekster Boys 2
 s.c. Franeker zaterdag  s.c. Emmeloord  v.v. Warga
 Udiros  v.v. Wardy  v.v. Jubbega
 v.v. Oudehaske 2  v.v. de Walde  V.V.I.
 v.v. Opende  GRC Groningen  v.v. Minnertsga
 z.v.v. Golden Oldies  v.v. Ouwe Syl  lvv Friesland zaal 2

Oefenje

Jûn om 20.00 oere oefent SDS 1 thús tsjin Scharnegoutum 1. Altyd aardich om efkes te sjen. De kantine is iepen!

SDS-sealtoernoai foar MO13 en-15

Sneon is der wer in SDS-sealtoernoai. Dit kear foar de famkes fan MO13 en MO15. De famkes kinne harren opjaan by harren leiders. It toernoai is fan 9.00-12.00 oere.

It giet goed mei Bas!

Fan Bas van der Weij hawwe wy heard dat it goed mei him giet. Hy hat moandei in nije hartklep krigen yn Grins en sy hawwe lyk syn ferdikte hertspier oanpakt. Hooplik kin hy ynkoarten gau nei hûs. Kaartsjes kinne noch altiten nei:
De Singel 21,
8734 HP Easterein

Harsens derby (1818)

Dit bard de besten! Sels by SDS….. ‘Tikkie werom, Jaap!!’