Weppers woansdei 10-9

Weppers tiisdei 9-9
8 september 2008
Weppers tongersdei 11-9
10 september 2008

Roppe
Stel dat Stoffel in wedstriid fluitet. En dan ropt der samar ien út it publyk wei: “He, mollenfanger”,  dan tinke wij dat Stoffel gewoan de hân op stekke soe en wat aardichs werom ropt. Yn Oude Pekela reagearde de skeids oars op in fergelykbaar wurd. Sjoch
hjir.

Brânmeldynstallaasje
Yn it gebou fan de Skoalleseize is de brânmeldynstallaasje ynstalleard. Hy wurdt op it momint keurd. Wa ’t no rookt yn de kantine hat lyk de haadpriis, want sy heare yn Wommels dat it brânalarm giet…..

Sponserboerden
Fan ‘e wike sille der mei tank oan Ype Tiemersma noch mear sponserboerden rûn it haadfjild pleatst wurde. Sa wurdt der nei ta wurke om de “U” kompleet te krijen.

Amateurfuotbalspul
Elkenien kin wer meidwaan oan it amateurfuotbalspul. Alle wiken de toto ynfolle mei amateurploegen. Der binne al trije SDS-ers dy’t meidogge. Minne Bonnema hat de lieding nommen, mar net foar lang…….

Elkenien kin noch meidwaan, it ienige proobleem is dat je in efterstân oprûn hawwe fan in pear punten. Sjoch hjir .

Goed foarelkoar
Wy binne bliid dat de Skoalleseize de fjilden by SDS kreas foarelkoar hat. Dan hoecht de skiedsrjochter nei Easterein ta yn elts gefal gjin rolmaat mei te nimmen(klik
hjir).

SDS League(1)
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine. As der iets net kloppet dan hear ik it graach.

Goedkeap.
Sûnt ik by de sportsaak Kick en Run yn Grou wurkje, kin ik goedkeap oan myn sportspul komme. Ik ha myn baas eindelik sa fier krigen dat alle leden fan SDS 15% koarting krije op it folsleine assortiment. Wolst mear witte, belje my dan eefkes as gean nei www.kick-en-run.nl
.
Groetnis,
Jaap Toering ( 06-10695193 )

SDS League(2)
De puntentelling foar de kommende SDS League is wat feroare:

Puntentelling SDS-League: Keeper Verd. Mid. Aanv.
Spelen 2 2 1 1
Winst 3 3 3 3
Gelijk 1 1 1 1
Gele kaart -1 -1 -1 -1
Directe Rode kaart -3 -3 -3 -3
Assist 2 2 2 2
De Nul 3 3 1
Doelpunt 6 5 4 3
Doelpunt tegen -1 -1
Hattrick bonus (3 doelpunten in 1 wedstrijd) 6 5 4 3
Penalty Redding (alleen keeper) 2
Penalty gemist -2 -2 -2 -2