Weppers tiisdei 9-9

Weppers moandei 8-9
7 september 2008
Weppers woansdei 10-9
8 september 2008

SDS League
As it wat meisit dan kinne wy binnenkoart ek wer los mei de SDS League. De spilerslist(klik hjir) is justerjûn ynelkoar setten. Soenen jim him miskien efkes neisjen wolle op efentuele foutsjes? As jim sjogge dat der iets net kloppet mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl

Sa sit it
Ik denk te weten waardoor sds 3 zaterdag zo veel beter heeft gespeeld dan tegen workum op 3 september.
Volgens mij heeft dit gelegen aan de shirts………………
Het waarom zullen ze zelf wel weten, maar misschien paste blauw niet zo goed bij hen!!!!
Groet Gida Heerma

Boetepot
Trainer, Fokke de Vries fan it earste fan Jirnsum (snein) hat de spilers ferbean om ûnder de wedstriid lâns de kant te roken. As dat wol bart dan moatte de mannen 5 Euro yn de pot dwaan. Ofrûne snein wie de wedstriid tsjin ONB sa spannend, dat it earste jild sit yn de pot.
Betelle troch …………… trainer Fokke, hy hat twa sigaretten opsmookt , de lieder hie it ek net mear dus dy stuts ek mar in sigaretsje op.
Fersoarger Durk de Jong koe him ynhâlde. Dy is fan skrik net begûnen te roken.
Jirnsum wûn úteinlik mei 2-0.

It kleure swart-wyt
Doe’t Aant moandeitemoarn syn earste bakje helle yn de kantine bij syn nije baas, wie hij net ferbaasd dat hij Jan Stenekes seach. Hij is úteinlik in kollega. Wol ferrassend wie it dat Jan yn syn kylwetter trije jongemannen mei in swartwyt hert mei sleepte: Hendrik de Jong, Sjoerd van Beem en Tsjipke Klaas Okkema.
Jan hat dizze wike trije dagen kamp mei de bern en hij koe wol wat help brûke…….

Aktie by Aktiesport
Gerard van Asselt kin wol wer wat help brûke by Aktiesport yn Ljouwert. Hy hat earst in fakatuere foar tidelik kontrakt yn de oanbieding en mooglik yn oktober ien foar in fêste baan. Wês der dus gau by en mail Gerard.

Ljouwerter keamer te hier!
Fan Wybren Jorritsma krigen wij dizze needgjalp.
Kom wenjen yn it SDS-bolwurk oan de Gealanden tegearre mei Sjoerd “Hefner” fan Beem en “Terror” Jaap Toering.
Hoechst neat oan te skaffen. Ast in taske klean meinimst kinst der fourt yn en dizze moanne is fansels foar de helte fan de priis.
Ut eigen ûnderfining kin ik sizze dat it leave jongens binne mei in grut hert op it goede plak. It ienichste minpuntsje is it feit dat Jaap fen is fan Monique Smit en Sjoerd fan David Hasselhoff. Gelokkich leit der ek wol ergens in cd’tsje fan Danko Jones ofsa om dit musikale fertriet op te lossen.
Eredivisie Live kanaal, de VI, Coca-Cola, Girls of the Playboy mansion, ynternet, digitale tv, gas, wetter en dus ek elektrysk sitte by de priis yn. Sjoerd en Jaap kinne goed itensiede en joue ûngefear likefolle leafde as dyn heit en/of mem.
Jaap (06 10 69 51 93)
Sjoerd (06 48 71 33 25)
Wybren (06 43 028 528)


…..de beide banken binne meast beset, tinke wij…….

Frjemde foto?
Twa wiken
werom hienen wy ûndersteande foto hjir op de side stean. Wy krigen in reaksje fan Johan de Graaf:
Frjemde foto?
Omdat de Kûbaarder Frank Tichelman op dizze foto stiet en de sponsor in Kûbaarder bedriuw is. Liket it my ta dat dit SDS, ôfdieling Kûbaard is.
As dit stiekem oprjochte is, soenen jim Frank mar efkes oan it jaske lûke moatte.
Johan
Wa kin ús mear fertelle oer dizze foto? Mail it nei
info@vv-sds.nl!
jeugd sds

Oscar Zijlstra
Yn in fier ferline wie it de keeper fan SC Cambuur, Oscar Zijlstra, dy ’t yn in wedstryd tsjin Willem II skoorde út in útraap. Sûnt dit wykein binne der 2 keepers bykaam dy ’t dit ek kinne. By de wedstryd tusken VV Sneek/Wit-Zwart – HSC ’21 wie it de keeper fan de klup út Haaksbergen dy ’t ek op dy manier in goal makke(klik hjir). Wierskynlik hie hy dit ôfsjoen fan in keeper yn Brazilië dy ’t it dit wykein ek slagge: