Weppers tongersdei 11-9

Weppers woansdei 10-9
8 september 2008
Weppers freed 12-9
12 september 2008

SDS Futsal 1
It dûk is definityf fallen foar SDS 1. Sy hawwe net genôch minsken en komme dit seizoen dan ek net yn aksje yn de Haadklasse. Hiel spitich fansels. Wy hoopje dat der foar folgend seizoen al wer in folledich team klear stiet.

Pechfûgel
Robin Wijnia (E4) wie woansdeitejûn in echte pechfûgel. Krekt ûnderweis op de fyts nei de training rekke hij om. Hij hie, sa’t wij fernommen ha, in blessure oan de holle en koe net traine. Wij winskje him betterskip en hoopje dat er der wer gau bij is.

Programma sneon
Wa’t it programma fan sneon sjen wol kin 
hjir sjen. Opfallend is dat SDS 4 en SDS 5 beide tagelyk spylje yn Ljouwert tsjin Blauw Wit 7 en 8. Ek de froulju spylje tsjin Blauw Wit, mar dan thús.

Froulju
22 froulju op trainen woansdeitejûn. Neffens ús in seizoensrekord. Se koene der gjin ein oanmeitsje sa lang binne se troch gien. De froulju fan Blauw Wit kinne har mar klearmeitsje

Oprop
Ferline wike dien wij in oprop oan Stoffel om dochs efkes te trainen. Dat hat holpen. Wij dogge no net wer in oprop. Wij tinke dat hij der jûn wol is.

Lieder E4
Johan Heerman soe mei Willem Hazewindus de lieder wêze fan E4. Johan hat it stokje lykwols oerdroegen oan Oane Bauke Zijlstra.

Ynterview

Afgelopen weekend was SDS-bestuurslid Willem Twijnstra op de Wereldhavendagen in Rotterdam en daar had Rijnmond TV lucht van gekregen en stuurde een
camera ploeg er op af voor een interview.
Keimpe Meijer

Wichtich
SDS 2 spilet sneon lyk ien fan de wichtigste wedstriden fan it seizoen. Sy moatte thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2, de nije ploech fan âld-SDS 2-trainer Hylke Schrale. Dit moat fansels wûn wurde.

Net handich
It sil ek nea wat wurde mei it fuotbaljen yn Amerika. Juster waard der, troch de spits fan LA Galaxy, mei in dûbele salto juicht nei syn goal, dy ’t hy nei 6 minuten al makke. Spitich genôch bruts hy by it dwaan fan de salto syn ankel. En as dat noch net genôch wie waard de goal ek noch ôfkeurd om bûtenspul………..