Weppers woansdei 1-12

Aginda ledengearkomst 2010
30 november 2010
Weppers tongersdei 2-12
1 december 2010

Ledengearkomst
Jûn is de jierkomst fan SDS. Dat begjint om 20.00 oere. Sjoch
hjir foar de aginda.

Gjin trainen
Y.f.m. de hurde fjilden hawwe de froulju jûn gjin trainen. Sy kinne dan moai efkes nei de ledengearkomst.
Groetnis,
Bauke en Sytze

Gjin trainen
SDS F1 hat hjoed gjin trainen.
Trudy Postma


Sinteklazekado
Foar in moai Sinterklaze kado.
Dit hat SDS op foarrie.
IMG_7139.JPG
Rêgsek (7 stiks) 27,- 
rechts.JPG
Fuotbaltas. (20 stiks) 33,-
Skilje 332500
Douwe Reitsma

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 moat jûn om 20.30 thús sealfuotbalje tsjin Futsal Heerenveen 2.
SDS 2 is dizze wike frij.

Wol of net op kuenstgers yn de winter?
Kinne je no wol of net fuotbalje as der snie op it kuenstgers leit of as it fêrzen hat? De KNVB jout útlis (klik
hjir).

Sneon de seal yn?
Heechstwierskynlik wurdt der sneon net op it fjild fuotballe. Der wienen foar kommende noch wat oerkes frij yn de seal en dy binne ynmiddels ynfuld. It programma sjocht der sa út:
*9 tot 10 traint de F1/F2 onder leiding van Willem
*10 tot 11 traint de E3 onder leiding van Aant Hofstra
*11 tot 12 traint de F5 onder leiding van Jelmer de Boer en Hans van der Schaar 

El Clasico
Ôfrûne moandei wie Barcelona – Real Madrid. Barcelona wûn mei mar leafst 5-0. Dirk-Yde wie yn Barcelona. Soe hy yn it stadion west wêze? Jim kinne hjir de hichtepunten fan de wedstryd noch efkes besjen.

SDS League
De nijste stân fan de SDS League hoopje wy jûn bekend meitsje te kinnen hjir op de webside of yn de kantine.

Promo Fuotbal Ynsicht diel 2
Einliks is it safier,
de lang ferwachte 2e ôflevering fan Fuotbal Ynsicht.
It fuotbalpraatprogramma foar Wommels, Easterein en fiere omstreken mei: Ate Feike de Boer, Hendrik Engbrenghof, Jan Stenekes en Sjoerd van Beem.
Yn gearwurking mei Stjoerder.nl komme sy fanôf no (ûn)regelmjittich mei utstjoeringen omtrint ‘de wichtichste bysaak fan it libben’. 
Hjir alfêst in foarpriuwke: