Weppers tongersdei 2-12

Weppers woansdei 1-12
30 november 2010
SDS League: "Tweety" pakt wykpriis!
3 december 2010

Alles ôflast

De KNVB hat foar kommend wykein al it
amateurfuotbaljen ôflast.

Dus kaarte!

Der wurdt dit wykein net fuotballe, dus kin der kaarten wurde.
We gean om healwei twaën los en kinne dan mooi 3 of miskien wol 4 bomen kaarte.
De ynlis is 3 euro 
Ut namme fan de wedstriidkommisje.
Anny

Traine
Het kunstveld van franeker is afgekeurd ivm met sneeuw tussen de vezels, waardoor er beschadigingen kunnen optreden.
A- en  aanvulling B-selektie trainen nu om 20.00 in Oosterend  partijvorm 11:11 
De rest van de b-selektie traint olv jan stenekes. 
Afmelden graag bij de trainer of assistent trainer
Groeten
Johan 06-46090270

Net traine
Y.f.m. it hurde fjild is der jûn gjin trainen foar SDS 4,5 en 6.
Mvg,  Ids.
It tredde traint jûn net. De kantine is wol iepen, dus wa’t in bierke wol…..  
Groeten Jan

Kantine
De kantine giet jûn om 21.15 iepen.
Syb


Seal: SDS 1 wint mei romme sifers
SDS 1 hat juster mei mar leafst 7-1 wûn fan Futsal Heerenveen 2. Nei in soad wedstriden sûnder wissel fuotballe te hawwen en in pear mei ien wissel hie SDS 1 juster foar it earst 2 wissels. Dit is miskien wol de beste opsje sjoen de romme oerwinning. SDS kaam yn de earste helte mei 2-1 foar. Nei de rêst waard it al gau 3-1 en wie de wedstryd spile. Jaap, Jelle, Ruurd, Feite, Freek, Wytse en Willem wisten úteinlik noch út te rinnen nei 7-1.

SDS D1 de seal yn
D1 traint vandaag in de zaal,
van 17.00 tot 18.00 uur.
groet, boudewijn.

Sneon de seal yn!
Der wurdt sneon net bûten fuotballe, dus kinne der wat ploegjes de seal yn. It programma sjocht der sa út:
*9 tot 10 traint de F1/F2 onder leiding van Willem
*10 tot 11 traint de E3 onder leiding van Aant Hofstra
*11 tot 12 traint de F5 onder leiding van Jelmer de Boer en Hans van der Schaar 

Wedstryd fan SDS B1 fersetten
De wedstriid fan B1 tsjin JV Boalsert fan sneon 11 desimber is ferskoot (ijs en weder en oflassen dienende) nei tiisdei 7 desimber om 19.30 oere.
Foutballers klear stean om 18.30 oere op de bekinde plakken, de riders bliuwe itselde.
Groetnis,
Johan

Oplossing

Remco Bervoets sjocht wol in oplossing foar in bitende Suarez.

SDS League
De nijste stân fan de SDS League hoopje wy jûn bekend meitsje te kinnen hjir op de webside of yn de kantine.

Klupliet
CSL is fanôf no de earte klup mei in nij klupliet sûnder dat de klup mear bestiet. CSL is tegeare gien mei SC Stiens en hyt no SCS. Dochs ferlange in soad Stiensers nei harren “earste leafde”.

Tekstschrijver Luc Jan A. gitaar Pieter A. en drums Menno B.
Zangers: Durk v/d W., Chris v/d W. en Klaas P.
Achtergrondkoor: Haitze W., Marco v/d M., Rahul W., Siem B., Jimke B., Marcel B., Jan K., Erwin K., Einte V., Hendrik A.

Harsens derby (345)
En dan mar hoopje dat it fjild net keihurd beferzen is: 
Voetbalgif

Promo Fuotbal Ynsicht diel 2
Einliks is it safier,
de lang ferwachte 2e ôflevering fan Fuotbal Ynsicht.
It fuotbalpraatprogramma foar Wommels, Easterein en fiere omstreken mei: Ate Feike de Boer, Hendrik Engbrenghof, Jan Stenekes en Sjoerd van Beem.
Yn gearwurking mei Stjoerder.nl komme sy fanôf no (ûn)regelmjittich mei utstjoeringen omtrint ‘de wichtichste bysaak fan it libben’. 
Hjir alfêst in foarpriuwke: